Goffe Jensma: Waling Dykstra en it sprutsen en skreaune Frysk (1)

maart 20, 2024 07:00

Goffe Jensma. Foto Kuna van Dijk (útsnee)

Dit is it earste part fan de lêzing dy’t dr. Goffe Jensma ôfrûne sneon op de Moeting & Ynspiraasjemiddei yn Nijeveen hold by gelegenheid fan de hûndertste Algemiene Gearkomste fan it Keninklik Frysk Boun om Utens en it hûndertjierrich bestean fan krite Meppel. It twadde part wurdt kommende freed publisearre. Moarn wurdt de lêzing publisearre dêr’t Abe de Vries Jensma mei ôfwiksele.

Achte deputearre Folkerts, Achte Boargemaster Korteland, Waling Dykstra, foarsitters Bijkerk (BoU), en Van der Schors (Krite Meppel) oare bestjoersleden, organisatoaren, achte oanwêzigen,

It is my in eare om hjoed de krite Waling Dykstra lokwinskje te meien mei syn hûndertjierrich bestean. Hûndert jier, dat binne trije of fjouwer generaasjes fan Friezen dy’t har hjir yn Drinte feriene hawwe yn in lytse diaspora, sa’t dat op safolle plakken yn Nederlân it gefal west hat en noch hieltyd wol is. It gie as fansels, sille jimme sizze, mar ik fyn it dochs in prestaasje. Ik winskje jimme ta dat de krite noch mar lang in feilich honk wêze mei dêr’t Friezen (en net-Friezen) yn Drinte inoar op in noflike en learsume manier treffe kinne. Mei-inoar besteane Waling Dykstra I en Waling Dykstra de krite 203 jier. Op nei de 250!

Ik nim fierders graach de gelegenheid te baat om wat te fertellen oer de betsjutting fan sa’n jubileum as dat fan hjoed. Hoe moatte wy dat sjen yn it ljocht fan de tastân fan hjoed-de-dei en fan de skiednis dy’t ús hjir brocht hat? Ik sil dêrom besykje om yn twa kear in kertier op in besteklike manier twa saken byinoar te bringen: jimme as espeltsje Friezen om utens yn Meppel en de skiednis fan Fryslân en de Fryske beweging.

Dy Fryske skiednis is, neffens dy fan de measte befolkingsgroepen, in lange skiednis: 2000 jier. Guon minsken wolle ha dat dy begjint foar de tiid fan de Romeinen of yn de tiid fan Redbad of yn de hege midsiuwen. En foar al dy stânpunten falt wol wat te sizzen. Al dy tiidrekken hawwe al wol wat Friezichs oer har.

De Romeinen hiene it ommers, doe’t se yn Noard-Europa west hiene, al oer Friezen – Frisones (fan de Friezen út dy tiid sels witte wy dat net, want dy skreaune noch net). Tsjintwurdich is algemien it tinken dat dy Romeinske Friezen gjin Friezen wiene en ek net Frysk praten.

Dat lei oars yn de tiid fan de wjerstribbige Fryske kening Redbad. Dy man, dy’t lykas bekend wegere om kristen te wurden. Hy libbe yn de 7de iuw en dat wie de tiid dat de Friezen de Noardsee behearsken. Dy hjitte doe ‘mare frisicum’ – de Fryske see. Dat is tink ek de reden dat Redbad tsjintwurdich sa populêr is ûnder dy Friezen dy’t harsels graach mei Fikingen fergelykje wolle. It mei om my, mar persoanlik tink ik dat it har bot ôffalle soe as se echt mei in tiidmasine yn dy tiid tebek pleatst wurde soene. Je soene de minsken hielendal net ferstean, je wiene der ek net op klaaid sa sûnder kachels, elektrysk, wetterlieding en ynternet, en miskien wiene je al as slaaf ferkocht ear’t je der weet fan hiene en sels ear’t je troch hiene dat je ta slaaf makke wiene. Want yn dy tiid stiene de Friezen oeral in West- en Noard-Europa bekend as tûke slavehannelers fan komsa.

As je as Frysk beweger dochs in nij thús fine wolle soene, dan kinne je ek kieze foar de hege midsiuwen. As je op ’e siik binne nei je Fryske woartels, dan hat dy kar yndied foar, dat de Friezen doetiids har offisjele stikken en wetten yn it Frysk skreaune. It wie hjir (dat wol sizze oan de oare kant fan de Tsjonger) doe Frysktaliger as no, en ek as dat it nei myn ynskatting oait wer wurde sil. Om jaloersk op te wurden, dus dat wie in pree, mar ek hjir soene je raar opsjen fan hoe’t de lju mei-inoar omgiene. It wie in maatskippij dy’t oant likernôch 1500 basearre wie op prinsipes fan feterjocht, sis mar fan it in yn eigen hân hâlden fan rjocht, wraak en geweld. Dat midsiuwske Fryslân like mear op it bloedwrakerige Afganistan as op it Fryslân fan hjoed. Noch even derfan ôfsjoen dat wy ek it Aldfrysk út dy tiid amper ferstean soene, soene wy – as wy fleurich fluitsjend út ús tiidmasine stapt wiene – ús yn dy maatskippij net botte feilich fiele kinne sûnder alderearst in pear fikse kursussen Aldfrysk en Aldfrysk rjocht en ek wat stevich ûnderwiis yn karate en skerm-keunst.

Nee, ik tink dat de werkenning fan wa’t wy as Friezen binne pas begjinne kin mei de moderne skiednis en dan benammen dy fan de njoggentjinde iuw ôf oan. Friezen binne pas echte Friezen wurden doe’t se massaal en ûnferbidlik yn oanrekking kamen mei net-Friezen. Kultuer en identiteit (om in modern wurd te brûken) ûntsteane yn it strukturele moetsjen fan minsken en fan befolkingsgroepen. Dat ta stân kommen fan in Fryske kultuer wie in stadich proses, dat begûn yn de 18de iuw (of miskien wol yn de lette 17de iuw, dêr giet it no om); en dat útrûn op it ta stân kommen fan Nederlân as Keninkryk yn 1813. Fan doe ôf oan wiene alle Friezen ûnderdienen fan dat Keninkryk en stiene se as boargers op ien line mei alle Nederlanners. Mei deselde rjochten en plichten, itselde jild, itselde systeem.

Doe’t Fryslân ien kear as provinsje ûnderdiel wurden wie fan it nije Keninkryk, doe kamen de Friezen ek struktureel yn oanrekking mei it modernisearringsproses fan de hiele maatskippij (net allinnich yn Nederlân, mar ek dêrbûten) sa’t dat ûnder ynfloed fan de yndustriële en de Frânske revolúsjes ek yn Nederlânsk ramt plak fûn. Stadichoan en yn in proses dat twa iuwen duorre hat, groeiden yn dat proses de Friezen (lykas ek de lju út ’e oare provinsjes) út ta moderne boargers, dy’t rjocht op en de plicht ta ûnderwiis hiene, dy’t learden om it lân te ferdigenjen, dy’t meiprate koene oer de polityk en de grutte maatskiplike diskusjes en dy’t allegearre, mar dat duorre oant 1917/1919, stimrjocht hiene.

De Fryske beweging is feitlik op neat oars basearre as op de djip-fielde winsk fan de Friezen om dat modernisearringsproses yn Fryslân Frysk ynkleurje te meien. Mei oare wurden: út de langst om as moderne Friezen kultureel sjoen harsels bliuwe te kinnen is de Fryske beweging ûntstien. It tal minsken dat troch de tiid hinne steatkundige ûnôfhinklikens fan Fryslân easke hawwe is op de fingers fan in pear hannen te tellen. Nee, de winsk wie net politike ûnôfhinklikens, mar kulturele autonomy en dat utere him benammen yn de striid om it Frysk as taal.

Monumint mei reliëf fan Waling Dykstra makke troch Pier Pander (boarne: Wikimedia Cmmons, CC BY-SA 3.0)

Dat alles liket miskien hiel abstrakt, mar it is net dreech om it wat konkreter te meitsjen. Je moatte je yntinke dat yn dat modernisearringsproses it Nederlânsk hieltyd mear yn de Fryske maatskippij trochkrong. Dat wie yn it earste plak troch it ûnderwiis dat ferplichte yn it Nederlânsk jûn waard. It is net tafallich dat it twatalich ûnderwiis ien fan de spearpunten fan de Fryske Beweging west hat. Se seagen dat it ûnderwiis in ûntfryskjende wurking hie. It hat duorre oant yn de tritiger jierren fan de foarige iuw dat dêr skot yn kaam en it bliuwt oant de dei fan hjoed in dreech stik om de nasjonale oerheid safier te krijen dat se dy winsk fan goed ûnderwiis op in folwoeksen en effektive wize honorearje wolle.

Yn datselde proses fan modernisearring spile ek de Fryske literatuer en dan benammen dy fan de twadde helte fan de njoggentjinde iuw in grutte rol. Ik gean der nei it skoft noch wat fierder op yn, mar hjir wol ik derop wize hoe’t ien fan de doelstellingen fan it moderne ûnderwiis wie dat alle boargers goed lêze en skriuwe koene. En ek dêr – en persoanlik tink ik dat mei fan de belangrykste kearnpunten fan Fryske kultuer is – waard besocht om dat taalûnderwiis Frysk yn te kleurjen. Lykas sein, it reguliere ûnderwiis yn it Frysk krige pas nei 1900 de fuotten ûnder it gat, mar oant dy tiid kinne we de Fryske skriuwers ek sjen as ûnderwizers fan it folk. En net ien – of it moasten de Halbertsma’s wêze – hat dy rol mei safolle glâns spile as Waling Dykstra.

maart 20, 2024 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.