Fryske kriten om utens komme byinoar 

maart 19, 2024 16:25

Hûndertste Algemiene Gearkomste fan it Keninklik Frysk Boun om Utens

troch Jan Bosgraaf

Statutêr foarskreaune jierlikse ledegearkomsten steane der net om bekend dat se in soad folk lûke. Dochs fûnen sneon 16 maart 2024 ryklik fyftich (bestjoers)leden fan de Fryske kriten om utens it paad nei it doarpshûs De Schalle yn Nijeveen (gemeente Meppel), dêr’t it Keninklik Frysk Boun om Utens syn jierlikse Algemiene Gearkomste hold. Dêrta wie ’It boun’, sa’t it koartwei neamd wurdt, te gast by de Fryske krite ‘Waling Dykstra’ te Meppel, dy’t hûndert jier bestiet. Foarsitter fan de krite, Ludzer van der Schors, hjitte elkenien tige wolkom en sei dat de krite tige wiis is mei de rol as gastkrite foar de hûndertste Algemiene Gearkomste.

Bestjoer fan it KFBoU; f.l.n.r. Kees van der Beek, Gerrita Otten, Jan Bijkerk, Jan Vogel en Gerrit Stegenga. Foto Jan Bosgraaf

Om krekt te wêzen, it wie de earste Algemiene Gearkomste (AG) fan it Keninklik Frysk Boun om Utens. De oare 99 waarden holden troch it Frysk Boun om Utens. By de betinking fan it hûndertjierrich bestean fan ‘It Boun’ op 16 septimber 2023 krige de foarsitter fan it Boun út hannen fan de Kommissaris fan de Kening yn Fryslân, Arno Brok, it predikaat ‘Keninklik’ útrikt. Yn syn iepeningswurd stie de foarsitter, Jan Bijkerk, noch efkes stil by dat bjusterbaarlik barren. Fierders joech er rom omtinken oan it belang fan de Fryske taal en it brûken en yn stân hâlden dêrfan, sa’t yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer fêstlein is. De provinsje Fryslân spilet dêr in tige wichtige rol yn. It wurk fan de Fryske Akademy docht der ek tige ta en is, neffens Bijkerk, ûnmisber. Friezen en benammen de Friezen om utens binne grutsk op harren memmetaal.

Nei it sjongen fan it Frysk Folksliet wurdt mei de wurklist útein set. De wenstige saken, lykas de (jier)ferslaggen fan de skriuwer en de ponghâlder, it ferslach fan de rekkenopnimmers, beneaming fan bestjoersleden, ensfh. wurde mei hantsjeklappen goedkard.
Op 15 septimber 2023 bestie it Boun hûndert jier. In dei letter waard dat heuchlike feit troch sa’n 200 Friezen om utens yn it grut fierd. It Nijs hat der wiidweidich ferslach fan makke. En it heuchlike barren is kreas binnen it budzjet bleaun, blykt út de jiersifers.
Foar de twa fakatueren yn it bestjoer hiene twa kriteleden har beskikber steld. Soks mei wol bysûnder neamd wurde, om’t it ornaris in poepetoer is om leden ree te finen in sit yn it bestjoer te nimmen.
Ynformaasje fan organisaasjes dêr’t in Boun op de ien of oare wize by belutsen is, lykas Omrop Fryslân, de Ried fan de Fryske Beweging en Iepen Doek (it Boun hie in sit yn it IFAT) wurdt foar kundskip oannommen. It nijs, dat it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging in ferjonging ûndergien hat, wurdt mei hantsjeklappen ûntfongen. Om klokslach tolve oere slút de foarsitter mei in hammerslach de hûndertste Algemiene Gearkomste.

Leden en bestjoersleden fan krite Swol oan ’e lunch. Foto Jan Bosgraaf

Nei de lunch is it tiid foar de jierlikse Moeting & Ynspiraasjemiddei, dêr’t in beskaat tema oer Fryslân of it Frysk sintraal yn stiet. En wêr koe it, as jo by de krite ‘Waling Dykstra’ te gast binne, oars oer gean as oer de Fryske skriuwer, dichter en foardrachtskeunstner Waling Gerrits Dykstra (1821-1914). Om it libben en stribjen fan dy romrofte soan fan Fryslân út ’e doeken te dwaan, hie it bestjoer fan it Boun mar leafst trije pommeranten útnûge: oerpakesizzer Waling Dijkstra, dichter, skriuwer en literatuerûndersiker Abe de Vries en emearitus heechlearaar Fryske taal en letterkunde dr. Goffe Jensma. De oanwêzigens fan de deputearre foar û.o. taal en taalûnderwiis fan de provinsje Fryslân, Eke Folkerts, wurdt troch elkenien tige op priis steld. As oantinken kriget hja út hannen fan foarsitter Jan Bijkerk it mânske boek ’Friezen yn ’e Frjemdte’, dêr’t de skiednis fan (hast) alle Fryske kriten om utens yn beskreaun stiet.

Deputearre Folkerts. Foto KFBoU, Sjoerdtsje Bijkerk

It tema fan de M&Y-middei spruts de Friezen om utens sa’t it liket wol oan, want der wie aardich mear flecht op ’e koai as moarns. Earst hold boargemaster Richard Korteland fan Meppel in koarte taspraak, dêr’t er de krite ‘Waling Dykstra’ mei it jubileum yn lokwinske. Neffens de boargemaster, giet it by de Fryske kriten en de Friezen om utens om mienskip, freonskip en thúskommen. De eigen taal is de taal fan it hert en dy taal ken gjin grinzen. Der moat nei stribbe wurde dat elke taal respektearre en elke kultuer omearme wurdt, beslút Korteland syn taspraak.

Yn syn earste lêzing*) (de gastsprekkers wikselje inoar ôf) nimt Goffe Jensma de taharkers mei yn de tiidmasine dy’t harren werombringt nei de tiid fan de Romeinen, de tiid fan Kening Redbad, it Magna Frisia en harren meinimt troch de midsiuwen oant yn de 19e iuw, doe’t der in earste Fryske beweging ûntstie. Dêrnei bringt Abe de Vries de oanwêzigen neier yn ’e kunde mei Waling Dykstra, syn libben en syn wurk. Waling Dykstra is neffens De Vries de populêrste en belangrykste Fryske skriuwer út de 19e iuw. Hy kaam út in bakkersfamylje, mar hie sels net folle idee by it bakkersfak. Op syn 17e begûn er mei it skriuwen fan Fryske ferhaaltsjes en gedichtsjes. Syn (lettere) teksten wiene net allinnich om te lêzen mar benammen ek om foar te dragen. Dêr rekke Tjibbe Geerts van der Meulen út Burgum troch yn ’e besnijing en de mannen begûnen toanielstikken te skriuwen, dy’t jierrenlang rûnom yn Fryslân spile binne. Waling Dykstra hat de foardracht- en toanielkultuer yn Fryslân op gong brocht.

Goffe Jensma (l) yn petear mei Waling Dijkstra. Foto Jan Bosgraaf

Dan hâldt Goffe Jensma in koart fraachpetear mei oerpakesizzer Waling Th. Dijkstra, dy’t ek foarsitter is fan de yn 1947 oprjochte Waling Dijkstra Stichting. Hy fertelt it ien en oar oer syn foarâlden en syn wurk. En al praat er sels net Frysk, de Friezen yn Fryslân en om utens moatte grutsk wêze op harren taal, seit Waling Dijkstra IV.
Jensma giet dêrnei neier yn op de Fryske beweging en it Frysk, dat ek ferskate streektalen ken. Mar as jo no út it noardeasten of út it súdwesten fan de provinsje komme, Friezen fersteane inoar. Sprektaal en skriuwtaal beynfloedzje inoar. De bruorren Halbertsma en Waling Dykstra soargen foar standerdisearring fan it Frysk. De tragyk is lykwols dat Waling Dykstra nei syn dea rillegau fergetten wie. Troch skriuwers dy’t nei him kamen, waard er ferballe nei it gebiet fan de populêre literatuer, seit Jensma.

Abe de Vries slút dizze tige nijsgjirrige rige lêzingen ôf mei ien fan Waling Dykstra syn ferhalen: ‘Oan de rjuchte besteld’, dêr’t it publyk mei sân pear earen nei harket.
It wie in tige slagge, noflike en o sa nijsgjirrige gearkomste.

*) De lêzingen fan Jensma en De Vries komme yntegraal op It Nijs, yn de rubryk Opiny: woansdei it earste part fan Jensma syn ferhanneling, tongersdei it ferhaal fan De Vries en freed Jensma’s twadde part.
maart 19, 2024 16:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.