Bouwe de Boer: Wa sil saldearje?

maart 9, 2024 08:00

Kollum

Op 13 febrewaris naam de Earste Keamer it beslút dat de saldearringsregeling foar sinnepanielen noch efkes fan krêft bliuwt. De measte minsken mei sinnepanielen hawwe it dêrtroch wat rommer om it hert. De stroom dy’t se simmerdeis opwekje kin noch in pear jier ferrekkene wurde mei de stroom dy’t se winters te min winne. Mar it is net allinne mar goed nijs. Der is hjir benammen sprake fan jierrenlange twivelriedigens. De saldearring is regele yn de Elektrisiteitswet fan 1998, in inisjatyf fan Diederik Samsom. It wie fansels de bedoeling om it ûntwikkeljen fan sinnepanielen op dakken te stimulearjen. Dat is slagge, sa’t oeral te sjen is.

Foto © Bouwe de Boer

It grutte foarbyld wie Dútslân, dat in soartgelikense regeling hie. Underwilens is Nederlân (en Fryslân dêryn as ien fan de koprinners), nei Australië, it lân mei de measte sinnepanielen op huzen. Dêr kinne we grutsk op wêze …, mar it dat hat ek in kearside. Dat hiene de Dútsers earder yn ’e gaten. By sinneskyn waar yn de simmer wurdt net folle stroom brûkt, mar de produksje fan sinnestroom is dan maksimaal. Dat strookt net en it jout op in protte plakken in tanimmende swierrichheid. It stroomnet rekket fol en dêrtroch rint de spanning te heech op.

Yn Dútslân hawwe se dêr yn 2023 wat op betocht: in leger taryf foar it weromleverjen fan stroom en in hege subsydzje op batterijen en ek op in laadpeal dy’t stroom oan de elektryske auto leverje kin. Dútsers mei sinnepanielen sille dus better harren bêst dwaan om de stroom fan de panielen thús te bewarjen en/of te brûken. Dat ûntlêst it stroomnet.

De saldearringsregeling bliuwt no sa’t er is, oant der in “solide alternatyf is dat hierders en wenningeigeners mei in lytse beurs genôch wissichheid en fertrouwen jout”, neffens de Earste Keamer.

Enerzjybedriuwen ferheegje no al de stroomprizen om de ekstra kosten betelje te kinnen. De diskusje sil dus noch trochgean en sûnder mis útrinne op it folgjen fan it Dútske foarbyld, mei ekstra omtinken foar de lytse beurs.

De regeling fan no is net fol te hâlden. Regearing, meitsje oan. We hawwe in grut ferlet fan dúdlikheid!

Dit is nûmer 86 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân.
maart 9, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.