Binne Mosk: Fryske boa’s mei in pompeblêd?

maart 28, 2024 08:00

Kollum

Foto Sanderflight. Boarne Wikipedia, CC BY-SA 4.0

Neffens Femke Halsema, de boargemaster fan Amsterdam is it wichtich om “partij te kiezen”. Partij foar in iepen maatskippij en tsjin tribalisme. Ik freegje my ôf hoe’t se dat kombinearje wol mei boa’s mei in holdoek.

Ik hâld fan Frankryk om mear as ien reden: it lânskip, de grutte kulturele rykdom en ek fanwegen de kearnwearden fan ‘e Frânske maatskippij lykas de ‘laicité’, de skieding tusken tsjerke en steat dy’t yn desimber 1905 troch de wet fêstlein waard.  Dat betsjut dat de steat gjin miening hat oer wat minsken leauwe. De steat is neutraal. Wa’t ​​in baan yn ‘e rykstsjinst hawwe wol, mei gjin doek op ‘e holle en gjin krús om ‘e nekke drage. Yn skoallen hinget gjin Jezus of Maria oan ‘e muorre. Dy neutraliteit is wichtich. Dy wet makke in ein oan de oerhearsking fan de steat troch tsjerke en leauwe.

Amin Malouf wit better as elkenien wat it betsjut om de eigen religieuze identiteit wichtiger te beskôgjen as yn frede mei inoar te libjen. Hy waard berne yn Beirut yn 1949 en wennet sûnt 1976 yn Frankryk. Yn 1998 publisearre er Les identités meurtrières, yn it Nederlânsk oerset as Moorddadige identiteiten. Yn dat boek beskriuwt er mei ôfgriis hoefier’t minsken geane om harren eigen groep, komôf of godstsjinst foarop te stellen en as immen it rjocht hat om te praten oer sok ‘tribalisme’, is hy it mei syn komôf út it Midden-Easten.

Mei dat boek yn gedachten wie ik bliid mei it pleit fan Femke Halsema yn har ‘Machiavellilêzing’ fan 14 febrewaris: ‘De open samenleving en haar bondgenoten’, dêr’t se de gefaren fan it tinken yn groepen yn besprekt. Wat ik yn dat ferbân ûnbegryplik fyn, is har oar pleit fan koartlyn om boa’s it rjocht te jaan om harren religy yn de klaaiïng út te drukken troch in holdoek te dragen. Dat is no krekt in foarm fan net-winske tribalisme.

Aanst krije we yn Amsterdam, Alkmaar, Tilburg, Arnhem en Utrecht in boa mei in holdoek of mei in gatsjepanne op ‘e holle as wy de minsken dy’t yn it fleanende spagettymeunster leauwe ek it rjocht jouwe om harren leauwe út te dragen. Miskien meie de plysjes of de boa’s yn Fryslân meikoarten in pompeblêd op ’e jas drage om harren tige wichtige eigen identiteit foarm te jaan. Sa’n ôfskied fan it unifoarm, it wurd seit it al, is tige spitich. Hooplik stekke politisy yn Den Haag der in stokje foar.

maart 28, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. S.K. Strykstra maart 30, 09:29

    Se kinne der noch better ‘in skoatteltsje foar strike/skowe’ …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.