Arjan Hut: Moat it altyd oer poep gean?

maart 25, 2024 16:30

De barones rûkt wat aparts. (uncredited photographer for Bain Photos., Public domain, via Wikimedia Commons)

“Moat it no altyd wer útdraaie op in poeppraatsje?”, reagearre âld-Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma op in resint Facebookberjocht. De freeds hie ik de stêd yn west en dêrnei hie ik der thús in stikje oer skreaun. Do makkest wat mei sa ûnderweis, mar yndied, it einige mei in observaasje fan in ferrassing op de stoepe. In hûn (ik seach him en syn baaske krekt de bocht om toffeljen) liet in soevenier efter foar ús hûs. Dat nim ik sa’n bist net kwea-ôf. Dat it baaske neat yn ’e gaten hie (of krekt die as hie se neat yn ’e gaten – se waggele as in ûndeade achter har telefoan oan) besocht ik om mei net al te folle oardiel wer te jaan.

In oarenien reagearre op myn stikje dat men hjoeddeis dochs wer in soad keutels op de stoepe oantreft. Dat Nederlân wer wurde moat lykas eartiids, soene se dan ek bedoele fan foar de hûnepoeppûdsjes? Yn Ljouwert liket it der wol op. Katten romje trochgeans harren brut sels op, of it moat wêze dat men sa’n tún hat mei houtsnipels of soks as boaiembedekking, dat komt suver del op in grutte kattebak. En fûgels, dy litte it hielendal mar falle sa’t it útkomt. Plysjehynders, ek altyd feest. Soms sjocht men sels minsklike ekskreminten, gauris te werkennen oan it brûkte wc-papier dat derby leit.

Tsja, poep op de stoepe, dat is de foarnaamste reden dat ik net graach bûten yt. En dan haw ik it noch net iens oer de lagen flibe of koarre yn it strjitbyld.

Och, ek as men tv sjocht kin it mâl gean. Board op ’e skurte, fuotbal derfoar. Krekt silst in hap nimme, komt der in spiler yn byld dy’t syn noas leget. Arnautović, fan AC Milan, dy lekte nei in miste kâns sa’n kielfol slym dat it suver pornografysk like. It waard yn slow-motion werhelle.

Ja, hoe sit soks yn de poëzy? Poep en koarre yn gedichten, it liket my (as dat jitte net bestiet) in moai tema foar in útjefte fan Perio. Dy útjouwerij, oprjochte troch wilen Willem Winters, bringt hiel bysûndere boeken út. Boeken lykas Vergeten paraplu, mei dêryn –trijetalich – in seleksje fan gedichten troch Barones Elsa von Freytag-Loringhoven (1874-1926). Op it Boekeballetje yn De Rode Loper te Ljouwert droegen Hans van der Heijde en Fedde Dykstra ôfrûne sneon gedichten fan de barones foar, ûnder mear dit:

Minlik 
Ynspirearre fan J.J. syn “Ulysses”

En God spriek minlik ta myn hert –
Sa minlik spriek er ta myn hert –
Hy sei: “Mij dochs dyn sketen net!”
Sa minlik spriek er ta myn hert.

En God spriek minlik ta myn skeet –
Sa minlik spriek Er ta myn skeet –
Hy sei: “Do bist in hertekreet!”
Sa minlik spriek Er ta myn skeet.

Hy spriek:
“Sa skoep ik jim –
De foarste dielen –
En de efterdielen –
Ik haw de skeet skepen –
Ik haw it hert skepen –
Alle keunst komt út My, begrepen!”

Hy spriek:
“Wier of net!
Ik liet de oester pearel poepe –
Ik liet de jonges famkes joepe!”
Spriek HY
En blies op syn trompet.

(Barones Elsa von Freytag-Loringhoven, oerset troch Fedde Dijkstra, út de bondel Vergeten Paraplu, Perio, 2023)

 

 

 

 

maart 25, 2024 16:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.