Yn ferhâlding net folle falûngelokken ûnder âlderen yn Fryslân

febrewaris 25, 2024 08:48

Yn Fryslân hoege 65-plussers dy’t fallen binne minder faak yn it sikehûs opnommen te wurden as dat lanlik it gefal is. It skeelt 9%. Zuster Jansen hat dat op basis fan de resintste CBS-data útsocht.

Foto: pixabay.com

Falle is in grut probleem ûnder de âlderein. It kin ta slimme ferwûningen liede en it hat in protte ynfloed op de selsstannigens fan 65-plussers. Zuster Jansen bringt yn kaart hoe faak oft minsken nei in ûngelokkige fal nei it sikehûs moatte. Yn Fryslân sitte trije gemeenten ticht by de lanlike trochsneed fan 148 op de 10.000 âlderen: De Fryske Marren (148), Ljouwert (147) en Harns (143). Yn de oare gemeenten yn Fryslân komt it minder faak foar. De trije leechste binne It Amelân (110), Achtkarspelen (111) en Waadhoeke (112). Skiermûntseach en Flylân hoegde gjinien opnommen te wurden nei in falpartij. Dy fiif gemeenten sitte trochinoar rekkene sa’n 24% ûnder de lanlike trochsneed.

Top 3 fan provinsjes mei de minste opnamen nei falynsidint
Yn Nederlân blieken yn njoggen gemeenten gjin âldere minsken nei in falynsidint meld te wêzen: yn Seelân 6, yn Fryslân 2 en yn Gelderlân 0. Fryslân sit yn de top 3 fan provinsjes mei de minste falynsidinten. Neffens de nijste gegevens wurde yn Nederlân yn trochsneed 148 op 10.000 âlderen nei in falpartij yn it sikehûs opnommen. Fryslân telt 135 op 10.000 âlderen. Allinnich yn Seelân mei 103 en Flevolân mei 130 sitte dêrûnder. Grinslân sit mei 165 it heechst.

It folsleine ûndersyk en alle sifers de gemeente binne te finen fia: www.zusterjansen.nl/blog/valongelukken-ouderen.

Undersyksmetoade
It ûndersyk is basearre op de resintste data fan it CBS. Dêrby is de trochsneed fan it tal 65-plussers dat opnommen wurde moast ôfwoegen tsjin it tal 65-plussers dat yn in gemeente wennet. In falynsidint is in ûngelok dêr’t ien sûnder opsetsin by falt, stroffelet of útglydt (yn ’e hûs of bûtendoar). Ferkearsûngelokken binne dêr net by mei teld.

Oer Zuster Jansen
Zuster Jansen is in partikuliere thússoarchorganisaasje dy’t troch hiel Nederlân aktyf is. It brede oanbod – û.o. soarch by demintens en 24-oeresoarch – slút oan op it spesifike ferlet. Zuster Jansen hat gjin wachtlisten en wurket mei lytse fêste teams.

febrewaris 25, 2024 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.