Pier Bergsma: Is de leechrin fan de tsjerken te kearen?

febrewaris 29, 2024 08:00

Skôging

Sint-Margryttsjerke, Boksum (mei tastimming oernommen út De Moanne)

It tsjerklik jier is oankommen yn de fjirtichdagetiid. De Bibellêzingen en de preken steane de kommende wiken yn it teken fan it lijen fan Jezus en fan Peaske. De tsjerken rinne leech. It leit yn de bedoeling om der yn in fiiftal bydragen wat oer te sizzen.

Ik kom graach yn Kollumersweach, want dat doarp hat ien fan de moaiste en grutste ‘omrinwinkels’ fan Nederlân. De opbringst fan dy ‘Lichtpuntloods’ wurdt bestege oan it op kristlike grûnslach opheinen fan minsken dy’t yn de problemen kamen en om harren aktiviteiten te bieden. Hoewol’t ik sympatisearje mei de doelstellingen fan de organisaasje, kom ik hjir yn it foarste plak út eigenbelang. De loads hat in soad boeken. De romans steane kreas alfabetysk op skriuwer en alles is perfekt organisearre. Sa is de ôfdieling klassike grammofoanplaten en cd’s ek in wûnder fan organisaasje.

Beide seksjes, de boeken en de muzyk, jouwe ynsjoch yn de ferskowingen dy’t har yn religieus Nederlân foardien hawwe. Kasten dy’t tweintich jier lyn fol stiene mei âlderwetske en ortodokse teologyske literatuer binne ferdwûn. De ôfdieling religy is noch altyd grut, mar no mei oar en moderner lêsfoer. Ik kocht Geschiedenis der Gods Openbaring. Het Oude Testament van dr. F.L. Bakker en dr. J.H. Bavinck. Dat hat grif fan in ortodokse dominy west. It grutste part fan sokke boeken komt by it âld papier telâne. Mei in âldpapierpriis fan € 40,- de tûzen kilo leveret it net in soad foar it goede doel op.

Nettsjinsteande nije oersettingen is de Bibel yn ferfal. Yn it ferline waard it boek beskôge as diktearre troch de Heare sels, troch Him ynflústere of troch Him ynspirearre. Tsjintwurdich is der yn ús lân in hieltyd lytser wurdend tal minsken dat der sa oer tinkt. Tsjerken rinne leech. De stifting Alde Fryske Tsjerken wit der alles fan en hat muoite om it tal oer te nimmen tsjerken te beheinen.

Wy sjogge oars nei de ferhalen as eartiids. Taal ferwiist nei konkrete dingen, mar taal ferwiist ek nei dingen dy’t net oan te wizen binne: leafde, freonskip. Minsken libje mei en by ferhalen. Religieuze ferhalen hiene en hawwe in wichtige funksje foar groepsfoarming, identiteit en dissiplinearring. De minske is nei alle gedachten it iennichste sûchdier dat dingen betinke kin dy’t net ta de taastbere realiteit hearre: kabouters, feeën en God, foegje ik ta. De minske is in taaldier.

Dy opfetting is yn oerienstimming mei moderne teologen dy’t ferkundigje dat alles wat jo oer ‘Boppe’ sizze, fan ûnderen komt, mar der binne wrâldwiid in soad minsken dy’t der oars oer tinke. Minsken leauwe de gekste dingen. Sa seagen wy bygelyks ferline jier op de tentoanstelling ‘In de ban van Ararat’ yn it Drents Museum in stikje hout fan de boat fan Noach, in relikwy yn in listje. Der binne minsken dy’t dat ferhaal letterlik nimme. Frank Westerman skreau der in moai boek oer. Yn syn Ararat giet er op reis. It is tagelyk ek in reis troch it libben fan de in soad minsken, dy’t as bern gjin fragen stelden by dat wûndere ferhaal. Westerman: “Zo is de Ararat verankerd in het geloof van mijn jeugd.”

Yn de folgjende ôflevering sil it ûnder oaren gean oer de spanning tusken Bibelske ferhalen en de wittenskip. Boppedat sil der omtinken jûn wurde oan de posysje fan froulju.

Ik skreau in essay oer de tsjerkeferlitting, ûnder de titel ‘De Bibel? Ja, mar ek heech tiid foar oare ferhalen’ publisearre yn De Moanne fan 3 april 2023. De kommende bydragen binne dêrop basearre.

febrewaris 29, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.