Histoaryske beammerige Riis
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Yn it artikel ‘Hakketakken over rijtje oude bomen in Rijsterbos’ op 8 febrewaris beskriuwt LC-sjoernalist Zander Lamme hoe’t in man út Riis en it It Fryske Gea (IFG) al tsien jier hottefylje oer in rige beammen yn in leane by de man syn hûs njonken de Riisterbosk. Dat, omdat de tûken fan tolve âlde ike- en bûkebeammen, op de grûn fan IFG, oer syn tún hingje soene. De beammen binne foar in part mear as 250 jier âld. Neffens de man beheine de beammen de ljochtynfal yn syn tún en hat er lêst fan deade blêden dy’t yn syn tún falle. IFG hat doe in stikmannich beammen fuort helle, mar de man easket dat alle beammen ferdwine. Dat is net bard, IFG haldt hoek. Letter noch wurdt yn de man syn tún in woekerplant, de beruchte Japanske tûzenknoop oantroffen dêr’t er IFG de skuld fan jout.
De rjochter fynt de beammerige in byldbepalende entree fan de bosk. As de beammen snoeid wurde en de woartels ferwidere, stjerre dizze beammen faaks. Dat soe de ein betsjutte fan de beammerige. De rjochter kediist dat de man derfoar keazen hat om yn in boskgebiet te wenjen. Dan moat er de konsekwinsjes ek akseptearje.
It giet hjir om de striid fan it partikulier belang fan ien man tsjin it algemien belang. Dizze saak lit my sterk tinke oan de Rânestedster dy’t genietsje wol fan de rêst fan it Fryske plattelân, mar de neidielen lykas de stank fan jarre net akseptearret.
Jehannes Elzinga, Frjentsjer






In froed fonnis fan de Riisgjende Rjochter!
Ferdinand, Riisgjende rjochter, aardich betocht! Of sit Riizjende rjochter?
Soe fansels ek kinne, Jehannes!