Anne Dykstra: Unfoech praat (6)
Resint ferskynd
Kollum
Kul (1)

Boarne: pixabay.com
Mooglik fanwegen de wat los-fêste relaasje dy’t in man mei syn bytiden gâns selsstannich orgaan hat, wurdt dat ek wol healbroer neamd: ‘hy hat it mei syn healbroer te dwaan’, hy hat langst nei geslachtsmienskip. Broer komt foar as namme foar de kul yn ’e útdrukking syn broer wol it mei witte, it is goed dat er in jonge frou trout.
Guon manljusnammen wurde ek brûkt as namme foar it manlike fuortplantingsorgaan, nammentlik G(j)errit en Jan. Jan komt ek foar yn ’e útdrukking lytse man, grutte Jan. Dêr’t de lytse man mar mei sizze wol: ik bin dan wol lyts, mar myn kul mei der wêze. By G(j)errit ferwiist Halbertsma syn Lexicon Frisicum (1872) nei Gerhard. Hy ferklearret de beide parten fan dy nammen as respektyflik ‘spear’ en ‘skerp’ of ‘fûl’. As er gelyk hat, dan is dat net in ferkearde namme foar de (jonge) kul.
De kul wurdt nammers ek leafdefol mei lytse man, of lytse jonge oantsjut. ‘Lytse’ hoecht hjir net perfoarst letterlik opfette te wurden. Soe ’k der oait mei nei dokter moatte, dan brûk ik Halbertsma syn Latynske oersetting foar ‘jongehear’: dominus junior. Ha ’k no al sin oan.
It Nederlânske kul betsjut fanâlds testikel en it soe ûntstien wêze út it Latynske culleus, sek of tylsek. Kul yn ’e betsjutting fan ûnsin en flauwe kul binne ôflaat van kullen, te fiter hawwe. Yn it Frysk giet it hjir dus eins om hollanismen, hoewol’t der ek in Frysk tiidwurd kulle is dat te fiter hawwe betsjut. Yn it Flaamsk betsjut kul fan penis, en dat is yn it Frysk ek sa, al neame de measten it manlik apparaat optheden lul. Dat is nammers al in moai skoft sa.
Yn 1983 begûn Trinus Riemersma mei syn ienmansblêd De Kul. Yn it earste nûmmer jout er as ien fan ’e ferklearringen foar dy namme, dat er ‘un goed friesk vud fwar ut monlek slachtme, dot út ut stee krôngen vurt tróch ut hollonisme ‘lul’, syn rjóchtlek plak veróm jan (wol)’.
It gewoane plak foar de kul is fansels tusken de skonken, dêrom dat er ek wol de tredde poat neamd wurdt. Di thredde poat hong er bi, seit Halbertsma, hij cohabiteerde, paarde.
Oare wike woansdei fierder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje