Jan Bosgraaf: Understboppe flagje

augustus 20, 2022 08:00

Kollum

Sturtswylje – operje – tiemje – boskmeane – rûchskerne – strontbûtse – jarremûntsje – stikellûke – neimelke – mjoksje – bitefertinje – oanierdzje – dongje – ierappelsykje – sichtsje – terskmasine. It binne samar wat begripen fan it boerelibben út ferfleine tiden.

Se litte jin tinke oan it nûmer ‘Fordson Dexta blues’ fan Swiet & Bjuster:

Ik wie in lyts boerke, molk in stik as fyftjin kij.
Ik hie gjin argewaasje, ek gjin jild, mar ik wie wol frij.
Mei myn lyts blau trekkerke bewurke ik myn lân.
Ik die gewoan myn dingen en ik brûkte myn ferstân.
Jûns healwei tsienen, dan tufte ik nei hûs.
Mei de ein yn ’e bek en de Fordson Dexta blues.

Europeesk lânboubelied – dongoerskot – molkepuozze – bûterberch – garandearre minimumprizen – meganisaasje – melkrobot – yntinsive lânbou en greidbuorkerij – ynjektearje – ynnovearje – ynvestearje – miljeubehear – molkekwota – suveltekoart – Natura 2000 – Habitatrjochtline – fûgelrjochtlinen – bioferskaat – fosfaatrjochten – stikstofoksiden – stikstofemisje – stikstofkonsintraasje – stikstofdeposysje. It binne samar wat begripen fan it boerelibben yn de ôfrûne tsientallen jierren. De boeren komme deryn om.

Dat sjongt Swiet & Bjuster ek:

Doe kaam der in minister en dy sei, dit kin sa net.
Jo moatte hjoed noch ynvestearje, want moarn dan is ’t te let.
Ik melk no trijhûndert bisten, ha gjin broek mear om de kont.
Ik ha fjouwer grutte silo’s en dy sitte fol mei stront.
Trije grutte Fergusons stean by my efterhûs.
Ik haw eltse dei in oanfal fan de Fordson Dexta blues.

Mei dy grutte Fergusons, Deutz-Fahr, Case, Fendt, New Holland, John Deere en oare merken protestearje de boeren tsjin it stikstofbelied fan it regear. Foar it earst op 1 oktober 2019. De oanlieding dêrta wie doe it idioate foarstel fan in Twadde Keamerlid om de feesteapel ta de helte werom te bringen. De helte! Hoe kin men it betinke.

By dat earste protest is it net bleaun. Der kamen mear en gruttere protesten. Yn hiele kolonnes tuften (no ja, se ride hurder as in Fordson Dexta) de boeren mei harren trekkers nei it Maliefjild yn De Haach. Mei op guon trekkers de Nederlânske flagge op ’e kop. Wat dêr de betsjutting fan wie, wisten fierwei de measte minsken doe nei alle gedachten net. Underwilens wit elts dat it sizze wol, dat der sprake is fan in needsituaasje. Dat jildt grif foar in grut tal boeren. Dy wurde sljocht fan it oanienwei oanpassen fan de regeljouwing en it ynfieren fan wer nije regels. Der is langer kop noch sturt mear oan te finen.

In flagge ûnderstboppe hingje is in tradysje dy’t lykwols net offisjeel erkend wurdt. Eartiids waard it bygelyks brûkt as in skip yn need wie of as teken fan ’man oer board’. Yn de midsiuwen waarden flaggen ek al ûnderstboppe hongen om oan te jaan dat der earne in opstân geande wie.

No, dêr liket it no bytiden ek wol op. Nei’t it regear mei gâns bombaarje de beruchte stikstofkaart, dy kleurplaat fan grou betelle amtners, presintearre hie, wiene by guon boeren de rapen hielendal gear. Mei alderhande rotsoai waarden sneldiken blokkearre en balen hea yn ’e brân stutsen. Of se ride ûnferhoeds mei harren grutte trekkers de sneldyk op. Mei sokke (libbens)gefaarlike aksjes helje se fansels gjin 10 en soks wurket ek earder dwersferkeard. Dan kinne se better hûnderten flaggen ûnderstboppe ophingje, sa’t op ferskate plakken barde. Al soe it fansels oerdreaun wêze as se dêrmei ta utering bringe wolle dat ús hiele lân yn need ferkeart. Al binne der op ferskate mêden grutte problemen, der binne lannen yn ’e wrâld dy’t mear rjocht hawwe om de flagge ûnderstboppe út te hingjen. Ta dy lannen heart België perfoarst net. Al wol in nijsside hawwe dat op it Keninklik Paleis yn Brussel de flagge ek ûnderstboppe hinget en de kening dêrmei in statement liket te meitsjen. No kin dy nijsside dat al gau beweare, want de Belgyske flagge hat trije fertikale banen; swart-giel-read. Dus ek al hinget er op ’e kop, it bliuwt swart-giel-read. It sil wol in spultsje fan Belgyske humor wêze.

Dit is gjin gesicht.
Foto Jan Bosgraaf

Yn ús lân meie we de flagge altyd úthingje; ek healstôk as teken fan rou. Der is gjin wet dy’t it flagjen ferbiedt of foarskriuwt hoe’t der flagge wurde moat. We binne dus nea strafber as we de flagge úthingje. Mar… in hise flagge mei nea de grûn reitsje of it ferkear hinderje. En it is wenst dat de flagge tusken sinneûndergong en it opkommen fan de sinne net úthinget. Bliuwt de flagge nachts wol bûten hingjen, dan is it brûkme om him te ferljochtsjen. Dat lêste bart yn elts gefal net mei dy flaggen dy’t rûnom ûnderstboppe hingje oan flaggemêsten, lantearnpeallen, ferkearsportalen, fiadukten, beammen, wasklinen, hikken en wêr net oan. Guon flaggen hingje derby as fodden. In bytsje mear respekt foar ús nasjonale trijekleur soe de boeren, of wa’t dy flaggen ek mar ophingje, net misstean.

augustus 20, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.