Briefkje oer taal (27)

augustus 23, 2022 08:13

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch Briefkje oer taal (26) | It Nijs)

Bêste Ed,

Op de dei dat dyn brief op It Nijs útkaam, stie yn ien fan ús kranten, yn in stikje oer de gefolgen fan in brân yn Frjentsjer dêr’t miljoenen aaidoazen by ferlern gien wiene, dizze sin: ‘Hoe moet de enige eierdozenfabrikant van Nederland haar klanten nu beleveren?’ Dat ‘haar klanten’ hie ‘zijn klanten’ wêze moatten, want fabrikant is in manlik wurd. Troch dêr ‘eierdozen’ foar te plakken feroaret dat net. Mocht dy fabrikant in frou wêze, dan hie ‘haar’ wol terjochte west, mar ik hâld it derop dat der net op ien persoan doeld waard, mar op it bedriuw as gehiel. Hie der ‘eierdozenfabriek’ stien, dan hie ‘haar’ wol yn oarder west, want ‘fabriek’ is in froulik wurd. As we op It Nijs oer dy brân skreaun hiene, hie it wer oars lein, want de fabriek is yn it Frysk it fabryk. Dêr past ‘syn klanten’ by, omdat by it-wurden altyd ‘syn’ brûkt wurdt.

Wa’t der yn it Hollânsk net wis fan is oft in beskaat de-wurd manlik of froulik is kin de woordenlijst (it digitale Groene Boekje) rieplachtsje. Foar ynsjoch yn de matearje binne woordgeslacht: mannelijke / vrouwelijke woorden (hoe herken je die?) | Genootschap Onze Taal en Geslacht (taalkunde) – Wikipedia gaadlike websteeën. Der wurde lykwols in protte flaters op dat mêd makke. Under redakteuren en korrektoaren wie foarhinne de útdrukking hiem dat se ‘een stuk moesten ontharen.’ Tsjintwurdich docht him in nije swierrichheid foar no’t de LHBTIQ+-beweging op in genderneutraal taalgebrûk ta wol. In goed jier lyn is dêr op It Nijs oer skreaun nei oanlieding fan it útkommen fan de brosjuere Waarden voor een nieuwe taal (sjoch Rânestedsk taalgidske foar de keunsten: Nederlânsk is ‘de taal’ | It Nijs).

Yn it Frysk meitsje we ús net sa drok oer manlike en froulike de-wurden. Allinne as it om in frouspersoan giet, brûke we it besitlik foarnamwurd har en it weromwizend foarnamwurd hja, sy, se, dy of har. Dat jildt sawol foar de- as foar it-wurden, hoewol’t by it-wurden ek faak mei it weromwiisd wurdt (as it oer in famke giet: ik haw it net sjoen). Yn dyn lêste brief hasto al alderhande foarbylden jûn. In inkelde kear kin in de-wurd dat gjin frouspersoan foarstelt, dochs yn in beskate kontekst op in froulik begryp doele. Yn godtsjinstige literatuer kin nei Geast en tsjerke mei sy en har ferwiisd wurde, omdat de ‘hillige Geast’ tradisjoneel as froulik beskôge wurdt en oer de tsjerke (net it gebou) as ‘breid fan God’ praat wurdt.

Noch in foarbyld út de krante. Koartlyn lies ik yn in artikel oer de saak Vidar: ‘Moet justitie, dat een mol inzette, een veer laten?’ In nijsgjirrich gefal: ‘justitie, dat’, heart dat net wat nuver? Mar mei dy’t heart it ek nuver, hoewol’t justitie wol in froulik en net in ûnsidich wurd is, sa’t de oanhelle sin liket te suggerearjen. Mei justitie waard yn it sitaat it justysje-apparaat oantsjut en dêrmei is it hjir in it-wurd en is it betreklik foarnamwurd dat wol op syn plak. Soe der it ministearje fan Justysje mei bedoeld wêze, dan krekt sa, want ministearje is ek in it-wurd. Justysje is in sammelbegryp.

Sammelbegripen wurdt faak op in oare wize ferkeard nei wiisd. In foarbyld: “Ik haw in brief nei it gemeentehûs stjoerd. Dy hawwe der noch net op antwurde.” De briefskriuwer hat it oer ‘dy hawwe’, want as er ‘dat hat’ skreaun hie, like it as hie er in antwurd fan dat gebou ferwachte en hy wit wol dat der mear as ien persoan oer dat antwurd gear moatte. Hy hie better sizze kinnen: “Dêr hawwe se der noch net op antwurde.” Noch in foarbyld: “Yn harren rapport skriuwt de kommisje dat se alles goed besjoen hawwe.” Dat kin sa net. In kommisje (yn it Hollânsk froulik, yn it Frysk net!) bestiet wol út mear as ien persoan, mar dy hawwe der as kommisje nei sjoen en der as kollektyf oer rapportearre. It hie dan ek wêze moatten: “Yn syn rapport skriuwt de kommisje alles goed besjoen te hawwen” (of dat alles goed besjoen is). As it ûnderwerp in inkelfâldich wurd is, kin dêr dus net in mearfâldige tiidwurdfoarm oan ferbûn wurde of mei in mearfâldich foarnamwurd nei ferwiisd wurde.

Mei freonlike groetnis,

Jan

augustus 23, 2022 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.