Rânestedsk taalgidske foar de keunsten: Nederlânsk is ‘de taal’

april 1, 2021 21:47

‘Stap uit de elitaire bubbel’ is ien fan ‘e oanrekommandaasjes yn it gidske Waarden voor een nieuwe taal, dat skreaun is troch Mounir Samuel en in ploech adviseurs. It boekje skriuwt allegear taalregels foar oan minsken yn ‘e keunstsektor. Tagelyk is it o sa rânestedsk, in ‘buorl’ (fermidden) dêr’t de makkers sels perfoarst net út stappe.

Neffens it gidske moat de keunst-en-kultuersektor himsels op ‘e nij útfine. Dy is dêrta twongen, sa stiet der, troch bewegings lykas Black Lives Matter, Pride, Kick Out Zwarte Piet en Decolonize the Museum. In opfallende ôfwêzige yn it rychje is de al lang besteande Fryske beweging, dy’t net komselden lûd jout as it giet om efterstelling fan de Fryske minderheid.

Dat it Frysk fergetten wurdt, docht ek bliken út de manier hoe’t it Nederlânsk as ‘de taal’ fan Nederlân behannele wurdt. Nota bene ûnder it kopke ‘De macht van taal’ wurdt ‘de Nederlandse taal’ lykskeakele mei ‘de taal’ en ‘je moedertaal’ en wurdt derfan útgongen dat skelwurden ‘in Nederland’ ek automatysk ‘yn it Nederlânsk’ binne. Yn alle gefallen by it neamde wurd ‘wijf’ jildt dat net automatysk foar it Frysk.

Der stiet ek dat “de witte cisgender heteroseksuele man zonder lichamelijke, zintuigelijke, mentale en/of verstandelijke beperking” gelyk is oan “het centrum van waaruit werd gesproken, geschreven, geschilderd, gecomponeerd, gedirigeerd, gemaakt, gewerkt en gekeken”. Dat de Rânestêd altyd it machtssintrum wie, wurdt net sein.

De minsken dy’t bydroegen hawwe oan it gidske, binne: Aspha Bijnaar fan Amsterdam, Marianne Dijkshoorn (neffens LinkedIn út de Rânestêd), Martijn Kamphorst fan Amsterdam, Sahar Shirzad fan De Haach, Sakina Saouti fan Utert, Marianne van de Velde (neffens LinkedIn út Súd-Hollân) en Ilias Zian fan Amsterdam. Net ien fan harren wennet yn Fryslân. Net ien fan harren wennet bûten de Rânestêd.

Dy Rânestedsjers neame it Nederlânsk ferskate kearen “de taal”, mar skriuwe wol dat minsken neitinke moatte oer it perspektyf dêr’t se út wei skriuwe. Se skriuwe dat it gidske ornearre is “voor iedereen in de kunst- en cultuursector”, mar út it boekje docht bliken dat it allinne ornearre is foar minsken dy’t yn Nederlân wenje en it Nederlânsk brûke wolle. Der wurde gâns oanrekommandaasjes oan ‘e keunstesektor jûn om de Nederlânske taal te feroarjen, mar in ienfâldich advys oan bygelyks museums om op buordsjes ek teksten yn de Fryske taal op te skriuwen, wurdt net jûn.

Hja skriuwe boppedat ûnder it kopke ‘De nieuwe taal wordt gemaakt voor en door iedereen’ dat bern mei meartalige âlden en ‘Nederlanders die dialect spreken’ it Standertnederlânsk net goed behearskje soene, dat fansels lang net altyd wier is. Hja wize der ek op dat tefolle Ingelske wurden minsken ôfstjitte, mar skriuwe harren gidske fol mei wurden lykas whitewashing, othering en tone policing.

It gidske is makke yn it ramt fan it program Code diversiteit & inclusie, dêr’t ek it Nederlânske ministearje fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip by behelle is. Dat ministearje is formeel einferantwurdlik foar it Frysk op skoalle.

It gidske is hjir te besjen:
https://codedi.nl/wp-content/uploads/2021/03/WAARDEN_VOOR_TAAL_DIGI_DEF.pdf

april 1, 2021 21:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.