Bouwe de Boer: Netkongestje, in nije kwestje

augustus 13, 2022 07:00

Kollum

Fryslân rint, as it om enerzjytransysje giet, yn ûnderskate opsichten foarop. Wy hawwe de measte sinnepanielen de ynwenner, de measte elektryske boaten, wy produsearje it measte griene gas en op it mêd fan wynmûnen dogge we it perfoarst ek net min. Dat allegearre bringt mei dat we as earste provinsje oan it plafond sitte. It stroomnet kin de stroom gauris net mear ferwurkje.

Hoe’t it komt
It stroomnet yn Nederlân is oanlein om elektrisiteit fan de produsint (enerzjysintrale) nei de klant (ôfnimmer) oer te bringen. Dat joech nea swierrichheden. Altyd hiene we stroom. Sûnt we massaal sinnepanielen hawwe wurdt by de ôfnimmer ék stroom produsearre. Dat kin it net net oan. No al net, wylst we der noch lang net binne! Tsientallen sinneparken binne noch yn ûntwikkeling. De helte fan de wenningen hat noch gjin sinnepanielen en de ferkeap fan elektryske auto’s nimt alle jierren mei hast hûndert persint ta. Om it noch mar net te hawwen oer al dy huzen dy’t folslein op elektrysk oergaane en fan it ierdgas ôfsletten wurde.

Lykas oeral hawwe alle neidielen ek wer in foardiel. Dat is hjir al net oars. No’t de oerbelêsting fan it elektrisiteitsnet sa’n yngripende swierrichheid is dat besteande bedriuwen net mear útwreide wurde kinne en nije net fêstigje, stiet dat probleem by gemeenten tige heech op de aginda en by de netwurkeigener Liander ek.

Netkongestje. (Freonen fan Fossyl-frij Fryslân)

Oplossingen
Dat is fan dy gefolgen dat der no hurd oan oplossingen wurke wurdt. Gearwurkje is dêr de kaai by. Yn Easterwâlde bygelyks wurdt – as der in stroomoerskot is – wetterstof makke. Op alderhande plakken prate bedriuwen mei-inoar ôf om masines út te setten as dat nedich is en oan te setten as dat kin. Yn it Hollânsk wurdt dat in VLES (Virtueel Lokaal Energie Systeem) neamd. Opslachsystemen (lykas Akku’s en luchtkompressors) hearre dêr ek by. Tûk mei stroom omgean besparret net inkeld in protte jild, mar ek ekstra koperen liedingen. Thús kinne we dêr skielk ek oan meidwaan. De ôfwaskmasine skeakelet bygelyks oan as dat goed útkomt en we krije in sms’ke dat we stofsûgje kinne. Kin it noch moaier?

Dit is nûmer 67 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
augustus 13, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Willy de Jong augustus 17, 15:26

    Ik heb mijn domotica ( besturing systeem ) aan de slimme meter hangen die bestuurt meerdere apparaten in huis.
    De communicatie gaat via de P1 poort op de slimme meter.
    Helaas is het protocol in de meter nog niet van deze tijd.
    Je kunt daar alles in meten dus ook zien wanneer er hoog of laag tarief is.
    Helaas kun je daar niet zien wanneer er b.v. teveel stroom is zodat de ik mijn warmtepomp in zou schakelen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.