Briefkje oer taal (23)

july 26, 2022 08:14

Jan Breimer reagearret op de brief fan Ed Knotter (sjoch Briefkje oer taal (22) | It Nijs)

Bêste Ed,

De ferhâlding sprektaal – skriuwtaal dy’t ferline wike te praat kaam, wol ik noch efkes op trochgean. Dy is kompleks, sa’tsto al seist.
Bern leare al ier troch harkjen en (nei)praten dat we inoar ferstean en begripe kinne. Letter leare se dat taal troch tekens werjûn wurde kin. Se leare lêzen en skriuwen en dat se inoar ek begripe kinne sûnder dat der lûd oan te pas komt. By al dat learen is der hieltyd sprake fan twarjochtingsferkear: fan lûd nei symboal en fan symboal nei lûd.

It giet noch djipper. Skreaune taal is ek te ‘hearren’ (stil lêze, inerlik hearre, neame we dat), sa’t sprutsen taal ek te ‘sjen’ is. Dat neamdesto ferline wike al. Wa’t lêzen en skriuwen leard hat, kin as er sels wat seit, him in foarstelling meitsje fan hoe’t dat der op skrift útsjocht. As we in frjemde taal út boekjes leard hawwe, kin it hiel dreech wêze om in sprutsen sin te begripen as we de wurden net foar ús sjogge.

Dat bringt my op de kwestje fan wat guon oerstallige letters neame. Yn de skreaune taal wurde ek letters brûkt dy’t we net hearre. Oan 1980 ta skreauwen we bygelyks ‘hwa, hwer, hwerhinne, hwerom en hwertroch’. Doe’t yn de doe nije stavering de h yn sokke wurden ferfoel, moast ik dêr wol oan wenne. Ik miende dat dy h wol te hearren wie. Efternei tink ik dat it ynbylding wie en dat de útspraak fan ‘wa, wêr, wêrhinne’ ensfh. net feroare is. Mei it dakje op de e past de skriuwwize sels better by de útspraak.

Guon wolle folle drastysker regaad hâlde yn lettertekens dy’t se net hearre, mar it is mar goed dat se har sin net krije. Dan soene der alderhande ferbannen tusken wurden ferlern gea. We skriuwe bygelyks bern en gers mei in r, hoewol’t we dy r net hearre. Soene we bên en gês skriuwe, dan wie net mear te sjen dat bennewein en geskje, dy’t net mei in ê sein wurde, dêroan besibbe binne. De r yn dy wurden hâldt ek ferbân mei it komôf fan dy wurden.
Der sit sa’n protte oan fêst dat it foar dizze rubryk te folle wurdt. Wa’t der mear fan witte wol, docht der goed oan en lês Paadwizer (frysker.nl) en dan it twadde skift: Prinsipen en regels.

Hiel ticht by de útspraak bliuwe is in ûnmooglikheid, want net elkenien sprekt deselde wurden op deselde wize út. Ofsjoen fan regionale ferskillen is der ek de oanwenst fan it ynkoartsjen fan wurden troch it weistjitten fan lûden (elisy). Dat is yndividueel ferskillend. In pear dy’t ik koartlyn opfong: dowwe (bedoeld waard: dat dogge we), dat mawwe dwaan (bedoeld: dat moatte we dwaan) en jim bin der mar gau by. Dat lêste gefal is frij algemien. Op skrift meitsje we fan bin yn alle gefal binne of binn’.

Wa’t werklik sjen litte wol hoe’t syn útspraak klinkt, moat fonetysk skriuwe. Om inoar te begripen is dat lykwols gjin brûkber middel.

 

july 26, 2022 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.