Briefkje oer taal (22)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (21) | It Nijs)
Bêste Jan,
yn dyn briefke fan ferline wike kaam nei foaren dat standerdisaasje yn ’t foarste plak syn beslach kriget yn de skriuwtaal en dêrnei pas ynfloed hat op de sprektaal, ynfloed hawwe kin alteast, want de sprektaal giet syn eigen gong wol. Wy skriuwe wat we sizze (op dit stuit skriuw ik op wat ik tink, wat ik tsjin mysels sis), mar it falt net te ûntstriden dat wy ek faak sizze wat we skriuwe. As wy prate, en ek as wy harkje, ‘sjogge’ wy wurden.
In moai foarbyld as yllustraasje dêrfan kaam op it aljemint by de Fryske Flogger. Dy die op 22 maaie op It Nijs ferslach fan syn dielnimmen oan it Grut Frysk Diktee fan 18 maaie fan dit jier. Ik hearde yn de floch in jongfeint sizzen dat it skriuwen fan it Frysk hiel dreech is, want hoe soest bygelyks ‘watsje eem’ skriuwe moatte? (Hy bedoelde: wachtsje even.) Gelokkich hawwe wy op skoalle leard dat yn de sprektaal alderhande letters weilitten wurde dy’t we wol skriuwe en dat in bywurdsje as ‘even’ yn de útspraak gauris ferkoarte wurdt, meidat it toanleaze lûd (e) yn it twadde wurdlid weiwurdt. It is de taak fan it ûnderwiis om dy eigenskippen fan (de) taal by eltsenien bewust te meitsjen.
Ynsjoch yn de relaasje tusken sprek- en skriuwtaal is fan belang om meidwaan te kinnen oan it Diktee. It oersetten fan sprutsen tekst (wurden en sinnen) ta skreaune rigels is in nijsgjirrich proses. Guon tinke dat it allinnich spilet op wurdnivo; wêr’t in kapke of in skerpteken moat of soksoarte fan fragen. Mar út it boppesteande foarbyld docht wol bliken dat it folle komplekser is. Dreech, mar tige nijsgjirrich.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje