Briefkje oer taal (20)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer (sjoch Briefkje oer taal (19) | It Nijs)
Bêste Jan,
Gefoel is wat persoanliks en dus is taalgefoel dat ek. Bern hawwe dat fan natuere yn har. Ik wit fan mysels noch wol dat ik as bern soms in taalregel trochhie (oanfielde) fóárdat dy op skoalle útlein waard. It sil it besef west hawwe dat der regels binne en dat dy der ek wêze moatte om inoar goed begripe te kinnen. By de memmetaal is it gefoel der earder as de kennis fan de regels dy’t it taalsysteem bewust makket (ik wit eins net goed oft de regels de systematyk bewust meitsje of dat de kennis derfan dat docht). Mar wa’t in frjemde taal oanleart komt earst yn ’e kunde mei de regels en ûntwikkelet op grûn dêrfan in (nij) taalgefoel. Miskien is taalkompetinsje in better wurd.
By de taalstúdzje docht ek bliken dat de regels net altyd sa strikt opfolge wurde (de útsûnderings), of dat in regel foarrang kriget boppe in oare regel. Dat soe logysk yninoar stekke moatte, mar dat hat der wol oan. Of oars sein: de iene logika is de oare net. Taal kin, tink ik, net better wêze as sa logysk mooglik; it is gjin wiskunde. Om’t taallogika mear basearre is op ôfspraken, mear as matematyske logika, sille wy der hieltyd wer oer kommunisearje moatte. Us briefkjen om kennis en gefoel te dielen en te ferifiearjen kriget gjin ein. No sa.
Mar no myn kennis en gefoel oer in kwestje dy’t my al in skoft, om krekt te wêzen sân jier, yn ’e holle omsangeret. De meartalsfoarm fan wurden op -ing koe, sa haw ik it eartiids leard, twa kanten út: mei -en, of -s derefter (opmerkingen/opmerkings). De foarm op -ings liket Frysker, wykst alteast fan it Hollânsk ôf en dat sprekt net-Frysktaligen wol oan. Allinnich as der minsken mei oantsjut waarden, moast it meartal op -ingen útgean (learlingen, âlderlingen). Der wienen dus inkelde útsûnderings (dat wurd haw ik hjirboppe mei sin brûkt), mar dat wienen mar in stikmannich. By de lêste staveringsoanpassing yn 2015 kaam ek de winsk ta standerdisearjen op it aljemint.
Standerdisaasje fan it Frysk is tige fan belang foar it ûnderwiis en it ûnderwiis foar it fuortbestean fan de taal. Ik bin út it eachpunt fan de kwetsberens fan it Frysk in foarstanner fan (mear) standerdisaasje, al besef ik hiel goed dat dêrmei ek wol dingen ferlern geane. In kar meitsje is faak dreech, tink mar oan de diskusje oer krom en krûm. It is suver ûnmooglik om goed te kiezen; eltse kar is ferkeard en fielt as diskriminaasje. Om fan in soad dûbelfoarmen ôf te kommen hat de Fryske Akademy de foarkarswurdlist opsteld. De foarmen yn dy list jilde as de ‘offisjele’, mar oare (gongbere) foarmen binne likegoed geef Frysk en dus net perfoarst ferbean. De foarkarslist jildt foar it offisjele ferkear, it ûnderwiis (de learboeken), it bestjoer, de krante ensfh. ItNijs hâldt him der neffens my ek oan.
Sûnt dy tiid hat de meartalsfoarm op -ingen foarkar boppe dy op -ings, want dan wienen we fan de útsûnderings ôf. Elts hat it frij om him net oan dy foarkar te hâlden, mar yn it offisjele ferkear wurdt it meastentiids wol dien. Hoewol…, de provinsje hat noch altyd ‘Meidielings’ boppe de offisjele ynformaasje yn de provinsjale kranten. Al sân jier lang fernuverje ik my dêroer. Of soe it wêze kinne dat op grûn fan it faker brûken fan de foarmen op -ings de Fryske Akademy meidertiid ta in oare kar komme sil?
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Ed skriuwt moai geef Frysk en hy hâldt him oan de foarkarslist. Ien ding is oars: hy hat foarkar foar de N yn it rychje wurden ‘diene, giene, hiene, stiene, wiene’ en ‘koene, soene en woene’. Ik haw wolris earne lêzen dat dy histoarysker wêze soene. Is dat wier? Of is de kâns grut, dat dy regel skielk oanpast wurdt?
Tank foar dyn reaksje, Lútsen. Ik fyn it hiel aardich dat de konsekwintens fan de n oan ’e ein fan dienen, wienen, (soenen, woenen ensfh.) dy opfalt. Ik haw dêr in sin by. Dat hat te krijen mei standerdisaasje en mei didaktyk. Dy útgongs-n wie hiel lang fakultatyf; hiene en hienen wienen beide goed. Histoarysk hearde de n dêr net (ien as Teake Hoekema wie dêr tige fûl op), mar dy lêste letter waard net as ferkeard oanrekkene. Yn ’e sprektaal falt it amperoan op oft der no hiene of hien’n sein wurdt. Twa (suver lykweardige) mooglikheden njonkeninoar wolle wy leaver net (standerdisaasje) en dan moat der in kar dien wurde. De kar om de n net te skriuwen (om histoaryske reden) soe betsjutte dat foarms as hiene in útsûndering foarmje op oare tiidwurden, Der binne ommers gjin tiidwurden dy’t gjin n yn de doetiidsferbûging, meartal krije. De sterke regel fan in n oan ’e ein by it meartal, yn ’e doetiid wurdt der noch sterker fan; gjin inkelde útsûndering mear, dat wy binne fan de dûbelfoarms ôf. Ienfâldich út te lizzen (didaktyk). It is my net dúdlik oft de Afûk it no standert yn ’e lesboeken ynfierd hat, mar dat soe bêst kinne.
Ed