Briefkje oer taal (19)

juny 28, 2022 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief (sjoch Briefkje oer taal (18) | It Nijs)

Bêste Ed,

Do leist my ferline wike in pear kwestjes foar. De earste hie mei taalgefoel te meitsjen: wêrom is it yn it Hollânsk net gekoffiedronken, mar koffiegedronken. It is dochs ek gestofzuigd en net stofgezuigd of stofgezogen?
Ik wit net oft soks út te lizzen is. Us taalgefoel is ûntwikkele trochdat we as bern oaren praten hearden. Unbewust learden we dat der wetmjittichheden binne, en dat foar guon wurden itselde jildt en foar oare krekt wer net. We sille ús wolris fersind hawwe en miskien hawwe oaren ús ferbettere of fielden we sels oan dat der mear en oare regels en ek útsûnderingen binne.

Fryskpraters hawwe lang oanfield dat it ôfslutend mulwurd gjin foarheaksel ge- kriget. Wy hawwe fytst en net gefytst, swommen en net geswommen. Troch opkringende beynfloeding fan it Hollânsk komt dat oanfielen mooglik wol faaier te stean. In protte minsken sizze dat se doe en dêre geboaren binne. Se sille wol witte dat berne it krekte wurd is, mar dat heart harren faaks wat te bot. It foarheaksel ge- jout oan de sin in kadâns dy’t in Fryske sin mei berne misse moat. Miskien spilet dat ek mei.

Yn it Frysk sette we, krekt as yn it Hollânsk, wol ge- foar tiidwurden om der haadwurden fan te meitsjen: geflean en geheister, wurden dy’t op aktiviteit slane. We kenne ek haadwurden as gebak, gehak en gedicht, resultaten fan prosessen. Dat fielt al wat frjemder. As it dominante Hollânsk der net west hie, hiene we it miskien wol oer ‘bakte traktaasje’, ‘fynmeald fleis’ en dicht hân. Dêr hiene we ek bêst mei libje kinnen. Wurden dy’t ek oernommen en ynboargere binne: gehoar, gesicht, gefoel. Wy hiene inoar ek goed ferstien as sein waard: “It hearren en sjen wurdt minder” en “It fielen hat by har de oerhân.” In wurd dat guon Friezen ek samar oer de lippen komt is gesûn, as se oanfiele dat gesond derby troch is. Sûn liket wer te koart, te bot te wêzen.

Do hiest it ek oer betsjuttingsferskil tusken ‘hy autorydt’ en ‘hy rydt auto’. Op it gefaar ôf dat ik dy mar mar wat wiismeitsje, besykje ik it út te lizzen. As immen oan it autoriden is, kinst sizze ‘hy autorydt’. As er in rydbewiis hat, dus autoride kin, kinst sizze ‘hy rydt auto’ en miskien rydt er ek noch wol scooter, mar we sizze net ‘hy reedrydt’. Fan ien dy’t op in muzykynstrumint spylje kin, kinst sizze dat dy piano, fioele of wat foar ynstrumint dan ek mar spilet. Seist dat immen pianospilet, dan giet it oer it dermei dwaande wêzen. Sa kinst sizze dat dyn dochter deis wol fiif oeren pianospilet en dat it mar lestich foar dyn soan is, omdat dy foar syn stúzje ek oeren trompetspilet. As ienkear dúdlik is op hokker ynstrumint se spylje, dan prate we fan spyljen of ek wol fan striken of blazen, sa’t we ek folsteane mei riden as de harker wol begrypt mei hokker reau dat dien wurdt.

Ik lit it hjir by, want oars wurdt myn brief te lang, mar ik tink dat oer sokke kwestjes wol hiele haadstikken te skriuwen binne.

Mei freonlike groetnis,

Jan

juny 28, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Henk Wolf juny 29, 13:15

    Oer it ferskil tusken ‘koffiegedronken’ en ‘gestofzuigd’:
    dat is wol út te lizzen. Ien fan de dingen dy’t taalkundigen dogge, is it sykjen om sokke wetmjittichheden. Hjirre ha wy te krijen mei in ûnder taalkundigen goed bekend ferskil. Nederlânsktaligen diele tiidwurden yn ferskate groepen yn. Ien sa’n groep bestiet út skiedbere gearstalde tiidwurden. ‘Koffiedrinken’ is dêr in foarbyld fan, krekt as ‘opeten’ en ‘pianospelen’. It earste stikje hâldt en draacht him faak noch as in los wurd en kin of moat faak op in oar plak yn de sin stean as it tiidwurdlike stik: ‘Hij drinkt koffie, ze eet alles op, ik speel piano’. De klam leit op it net-tiidwurdlike stik en mulwurden wurde foarme troch ge- foar it tiidwurdlike stik te setten: ‘koffiegedronken, opgegeten, pianogespeeld’.

    In oare kategory foarmje de ynkorporaasjetiidwurden. Dy komme yn it Hollânsk amper foar, mar ‘stofzuigen’ is der in foarbyld fan, krekt lykas ‘handwerken’. De beide dielen bliuwe altyd byinoar en it mulwurdfoarheaksel komt foar it geheel: ‘gestofzuigd, gehandwerkt’. It is sa’t Jan seit: bern ûntdekke sokke patroanen fansels en in protte taalkundigen geane derfan út dat bern in spesjaal hokje yn it brein ha dat derfoar makke is om se te ûntdekken, it saneamde oanberne taalfermogen.

    Fia dat ‘oanberne’ kom ik ek by Jan syn foarbyld fan ‘geboaren’. Dat is net sa’n sterke yllustraasje fan wat fierder wol in goede observaasje is, nammentlik dat bern Hollânske struktueren nei it Frysk ta kopiearje.

    ‘Geboaren’ komt al heel lang yn it Frysk foar, as lienwurd, mar net perfoarst troch it oernimmen fan in stik Hollânske wurdfoarming. It is nei alle gedachten in al wat âlder Nederlânsk lienwurd, mooglik sels al langer yn gebrûk as ‘berne’, dat pas yn de lette 19e ieu populêr wurden is yn it Frysk.

    It is ek net sa dat it Frysk it foarheaksel ge- noait hân hat. Alle Germaanske talen hawwe “eksperimintearre” mei de foarming fan mulwurden mei foarheaksels. Yn it Aldfrysk fine wy ûnder oaren ge-, je- en e-. Guon ha tiids tosk oerlibbe, lykas yn ‘ûngeleske’, mar de measten binne weiwurden. Yn de midsieuske rjochthânskriften út ‘e Iemsgoa stiet in stik oer de ûntwikkeling fan in bern yn it memmeliif. Yn ien ferzje stiet: “anda niughenda monathe, sa werthathse sceth, and werth theth kint ghebern’ (dus mei ge-). Yn in oare ferzje stiet: “anda niogende monath, sa wert thet kind ebern” (dus mei -e).

  2. A.Kramer july 5, 13:44

    In tal jierren lyn wiene bern sittend op in wavebuord oan it wave. Se neamden dit “kontweven” Ik tink dat dit in selsmakke wurd is. Der wie ek wat diskusje oer wat it ôfslútend mulwurd wie, mar der kaam “gekontwaved” út en net “kont gewaved”. Ik tink dat dit komt omdat “kont” gjin saaklik foarwerp (lijdend voorwerp) wie, mar in diel fan it lichem fan it ûnderwerp.
    Yn it algemien: by gearstalde tiidwurden komt as it foarheaksel dúdlik in saaklik foarwerp is de “ge” yn it mulwurd nei dat saaklik foarwerp. Allinne “stofzuigen” skynt in bytsje in utsûndering te wêzen. Mar dit komt wierskynlik om’t dat mei in stofsüger(stofzuiger) dien wurdt en dan it tiidwurd dêrfan aflaat is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.