Ljouwert wol de Friezen, mar net it Frysk

desimber 28, 2019 19:38

Ynstjoerd

By de weryndieling fan 2014 fan de gemeenten Ljouwert mei in grut part fan Boarnsterhim hat de Topografyske Wurkgroep Fryslân foarsteld om de gemeente (en de stêd) mei de kombinaasjenamme Leeuwarden-Ljouwert yn de Gemeentlike Basisadministraasje op te nimmen. It Ljouwerter kolleezje moast der fansels neat fan hawwe. No by de weryndieling fan 2018 mei Ljouwerteradiel en in flink stik fan Littenseradiel, spilet itselde.

It stedhûs fan Ljouwert (foto: HCL)

Krekt as de ynwenners fan Boarnsterhim hiene dy fan Littenseradiel ek in Frysktalige gemeentenamme yn harren paspoart. In rjocht dat neffens it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ net samar ferdwine mei.

By beide weryndielings hawwe de gemeente Ljouwert en it Ryk harren hantekening ûnder in bestjoersôfspraak foar it Fryske taalbelied setten. By weryndielings binnen Fryslân is sa’n bestjoersôfspraak oer de Fryske taal needsaaklik. Dy kombinaasjenamme foldocht dus al oan kêst 10 lid 2 letter g fan dat Hânfêst.

De TWF fynt dat de gemeente Ljouwert net foar in twadde kear de rjochten fan de oanheakke ynwenners njonken him dellizze kin en dus de namme Leeuwarden-Ljouwert fêstlizze moat yn de GBA. It kolleezje brûkt as tsjinargumint dat mear Ljouwerters it Nederlânsk as earste taal hawwe. Dêrmei giet it kolleezje foarby oan it Hânfêst dat net foar mearderheden bedoeld is. En oan it feit dat Ljouwert ûntstien is troch de grutte tarin út de Frysktalige doarpen.

Troch de iuwen hinne kaam hast alle groei út de Fryske ommelannen, mei as bloeiperioade de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch. Sûnder dy tarin fan Frysktaligen wie Ljouwert no in provinsjestedsje mei de grutte fan amper twa kear Snits. Sûnder dy Friezen nea oer de hûnderttûzen ynwenners, gjin Kulturele Haadstêd, gjin Literêre Haadstêd ensafuorthinne. Genôch stedske fratsen, sûnder sokke weryndielings bongele Ljouwert noch hieltyd tusken baarch en bigge!

Topografyske Wurkgroep Fryslân

desimber 28, 2019 19:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.