Waarpraatsje: Simmer
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei in strieljende dei en der liket gjin ein oan ’e simmer te kommen. Woansdei sjocht it waar der wer kreas út.
Tiisdeitenacht is it frij helder en it kuollet ôf nei in graad of 11. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich.
Woansdei skynt de sinne wer flink. De matige wyn komt út it noardeasten. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wat mear wyn. De temperatuer leit om de 23 graden hinne.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ek simmer.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje