Waarpraatsje: It bliuwt yn Fryslân waarm
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei in hiel waarme maitiidsdei mei in soad sinne, mar ek in stufe wyn. De provinsje sit woansdei ek yn it waarme part fan ús lân.
Tiisdeitenacht is it drûch en by hast gjin wyn sil in in graad as 14 wurde.
Woansdei sjocht it waar der foar Fryslân in stik better út as in grut part fan Nederlân. De sinne skynt flink en de súdeastewyn is matich. Middeis stiet der in swakke oant matige wyn út ferskillende rjochtingen. De temperatuer leit tusken 22 en 26 graden.
Fan tongersdei ôf bliuwt it yn Fryslân, nei alle gedachten, waarm.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje