Waarpraatsje: Simmersk wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in lange wiete en ritige rite, hawwe wy no te krijen mei hiel noflik waar. Yn it wykein is it suver hast simmersk.
Sneon kin de loft earst berûn wêze, mar letter skynt de sinne, nei alle gedachten, ek geregeld. De wyn is swak oant matich en komt út it noardeasten oant easten. De temperatuer leit om de 20 graden hinne, mar by de noardlike kust lâns is it wat minder waarm.
It waar foar snein sjocht der noch better út. De sinne skynt hast de hiele dei en by in swakke oant matige súdeastewyn wurdt it goed 20 graden.
Moandei feroaret it waar. Wy sjogge de sinne minder faak en der falle in pear (tonger)buien. De swakke oant matige wyn komt út it suden. It wurdt noch wol in graad of 20.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje