Waarpraatsje: Kâns op in (tonger)bui
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It noardlike part fan Nederlân hie woansdei it bêste waar. It waard der simmersk waarm en it wie in grut part fan ‘e dei sinnich. De oare dagen fan dizze wike sil it ritiger wurde.
Woansdeitenacht bliuwt it drûch en by hast gjin wyn wurdt it 14 graden.
Tongersdei sil de loft stadichoan berinne en letter falle der in pear buien, miskien wol mei tonger. Yn ‘e moarntiid stiet der net in soad wyn, mar by de noardlike kust lâns is de wyn matich út it easten. Middeis komt de wyn út it easten oant súdeasten en is matich. De temperatuer leit om de 20 graden hinne.
Freed, sneon en snein falle der geregeld buien of reint it in skoft. De temperatuer sil de 20 graden, nei alle gedachten, krekt net mear helje.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje