Waarpraatsje: Kâns op (tonger)buien

maaie 13, 2024 21:19

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear stabile en waarme maitiidsdagen nimt de kâns op in pear flinke (tonger)buien no ta. It is tiisdei noch wol waarm.

Moandeitejûn kin der noch in (tonger)bui falle, mar moandeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, drûch. By in swakke oant matige súdeastewyn sil it mei 14 graden in hiel mylde nacht wurde.

Tiisdei skynt de sinne earst, mar yn ‘e middei rekket de loft stadichoan berûn en tsjin ‘e jûn kin der in bui falle, miskien wol mei tonger. De wyn komt út it súdeasten en is swak oant matich, mar yn it Waadgebiet en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. It wurdt in graad of 24.

Woansdei liket in skiere dei te wurden en it sil ek wat ôfkuolje.

Jan Brinksma

maaie 13, 2024 21:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.