Kataloanië keapet grûn op om Spaanske bedriuwen bûten te kearen
Resint ferskynd
It regear fan Kataloanië hat in kantoar oprjochte dat kostbere stikken Kataloanië opkeapje moat om derfoar te soargjen dat se bliuwe sa’t se binne.
De Katalaanske organisaasje foar kustbehâld hat as foarnaamste doel om derfoar te soargjen dat doarpen en natoergebieten net feroarje yn plakken foar massatoerisme, mei grutte hotels. Ferskate aksjegroepen hiene oanstien op sa’n kantoar.
Kataloanië hat de lêste jierren te krijen mei Spaanske ûndernimmers dy’t gjin bân mei de regio hawwe en grutte hotels bouwe op plakken dêr’t dat in soad ynfloed hat op de natoer, it oansjen fan doarpen en de pleatslike kultuer.
It nije kantoar hat ynearsten in lytse jildponge: foar 2023 sit der twa miljoen euro yn. Mooglik wurdt dat bedrach letter ferhege út de toeristebelesting.
Yn it nije kantoar wurkje minsken mei tige ferskillende eftergrûnen, lykas abbekaten, miljeukundigen, biologen en filosofen.






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje