Waarpraatsje: Waarm maitiidswaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Himelfeartsdei wie oan ‘e skiere kant, mar it wie wol rêstich en noflik waar. Freed, sneon en snein is der mear sinne en it wurdt ek noch wat waarmer.
Tongersdeitenacht kin op guon plakken damp ûntstean en by hast gjin wyn wurdt it 7 graden.
Freed kin de loft earst noch berûn wêze, mar letter skynt de sinne geregeld. Yn ‘e moarntiid is der net in soad wyn, middeis is de wyn swak oant matich út it noarden oant noardeasten. De temperatuer leit tusken 15 en 19 graden.
Yn it wykein wurdt it in graad of 20.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje