Studinte-aksje grut sukses, ING hâldt anty-Frysk taalbelied tsjin it ljocht

maaie 7, 2024 17:30

De aksje om de ING Bank yn it Frysk te skiljen hat juster in soad omtinken opsmiten. De Ried fan de Fryske Beweging is optein mei de ynset fan de Federaasje foar Fryske Studinteferienings. “Dit liket derop, dit is de beweging dy’t wy graach sjen wolle.”

Foto: Flickr / R/DV/RS

Justermiddei skillen studinten fan Fryske studinteferieningen nei de ING. Alle by de Federaasje oansletten ferieningen diene mei, dat de bank koe telefoantsjes ferwachtsje fan Bernlef yn Grins, Aldgillis yn Delft en WSSFS yn Weinum. De studinten woene op ludike wize, ûnder oare mei nammen as Jeltsje Grien Feltsje en Maaikwo Watsintena, ferhaal helje oer it feit dat de bank allinne klanten yn it Frysk te wurd stiet. De foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Sjirk Eildert Bruinsma, wie by de aksje en stie út it sicht fan de kamera.

Soad media-omtinken en reaksjes
De aksje wie ommers benammen in aksje fan de Federaasje foar Fryske Studinteferienings, dat benammen de Grinzer studinten fan Bernlef moasten yn byld komme. Dochs waard Bruinsma op de foto set troch de Ljouwerter Krante en seach er himsels fan ’e moarn op ’e foarside werom. Oan It Nijs lit er witte dat it boadskip lykwols goed oerkommen is. “It hat wiidweidich by de Ljouwerter, de Omrop en sels yn it moarnssjoernaal fan WNL west. Dat is in goeie saak, want je hawwe neat oan it Frysk as je it net brûke kinne.”

De foarside fan de Ljouwerter Krante fan hjoed.

Om derfoar te soargjen dat der neist studinten noch mear minsken meidwaan soene oan de aksje hie de Federaasje ûnder embargo in berjocht ferstjoere litten nei stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dêr kaam út ferskate hoeken krityk op. De aksje sels wie goed, mar it Frysk koe folle gever, neffens de reaksjes. Dochs hat de aksje it Frysk grif foarút holpen en net elkenien hat fuort it taalnivo fan It Nijs, neffens Bruinsma. “Dat is it moaie oan studinten. Net alles giet goed, mar der bart wol wat. Se geane gewoan oan ’e slach. Dat liket derop, dit is de beweging dy’t wy graach sjen wolle. En dan komt it geef Frysk fansels.”

‘ING Bank moat om lyk’
De ING hat nei oanlieding fan de aksje oan Omrop Fryslân witte litten dat de bank syn taalbelied opnij tsjin it ljocht hâldt. Foar skriuwer fan de Federaasje fan de Fryske Studinteferienings Tseard Veenstra liket dat te let te kommen. Nei fêst te hingjen yn it karmenu dêr’t er kieze moast tusken te wurd stien wurde yn it Hollânsk of Ingelsk krige er nochris te hearren dat meiwurkers klanten net yn it Frysk te wurd stean meie. “No, dan stap ik mar oer nei de Rabobank,” sleat Veenstra it petear ôf.

Klear is it nei de koarte aksje net. Bruinsma giet der fan út dat de ING no wer yn petear sil mei de provinsje en wol om lyk gean sil. “Oars komme der fêst mear aksjes. Wat my oanbelanget kin elke Fries gewoan yn it Frysk mei de bank skilje. Net ien oerke, mar altyd.”

Besjoch in filmke fan WNL en Omrop Fryslân fan de aksje:

maaie 7, 2024 17:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.