ING krige hjoed in protte Fryske telefoantsjes

maaie 6, 2024 20:55

Fryske studinten en leden fan de Fryske Beweging fierden hjoed aksje om de ING safier te krijen dat dy tenei minsken ek yn it Frysk te wurd stiet. Neffens offisjele regels fan de bank meie meiwurkers gjin Frysk mei de klanten prate. De aksjefierders hawwe tusken 12.00 en 13.00 oere manmachtich mei de bank skille.

Sjirk Eildert Bruinsma (eigen foto)

“Goemoarn, mei Douwe Dollar”, begjint Tseard Veenstra oan de telefoan. De Twizelerheidster is ien fan de Fryske studinten dy’t hjoed besocht om yn it Frysk te skiljen mei ING. De dielnimmers belje yn prinsipe allegearre fan har eigen hús út. Dat jildt net foar alle dielnimmers: in groepke fan de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins giene mei-inoar it dakterras op en pakten de telefoans. De dielnimmers krigen yn it foar in skript dat se brûke koene foar de petearen. Kompleet mei in lange list oan skûlnammen. Siebe Sinten, Oele Oplichter en Rinse Resesje binne in pear fan de opsjes.

Twadde rykstaal
It foarnaamste doel is fansels om har net te ferbrekken. En om te freegjen wêrom’t it no net oars kin by de bank. “Wat we graach berikke wolle is dat eltsenien Frysk prate kin mei har bank, mar eins mei alle ynstânsjes”, seit foarsitter fan de Fryske Beweging Sjirk Bruinsma tsjin Omrop Fryslân. “Dus wat ús oangiet bliuwt it net by dit iene oerke, mar belje wy gewoan alle dagen yn it Frysk mei ús bank.”

Folhâlde
“Hâld stiif fol datst gjin Hollânsk prate kinst en praat dyn moaiste Frysk”, stiet fet printe yn it skript. Yn Ljouwert sit in lokaasje fan de klanteservice fan ING en in part fan de telefoantsjes nei de bank komme dus dêr binnen. De kâns dat in meiwurker it Frysk dus yn elts gefal ferstiet is oanwêzich. Dat wie ek it gefal by it telefoantsje fan Veenstra. Mar op de fraach wêrom’t de meiwurkster gjin Frysk werom prate, sei se dat dat de regels binne fan de ING. Dy ha al earder meidield dat se allinnich Ingelsk en Nederlânsk weromprate, omdat de petearen opnommen wurde foar trainingen. “Dat fyn ik wol wat nuver eins, dat sa’n wjerstân jûn wurdt oan it Frysk, dat it gjin plak hat by de ING”, seit Veenstra deroer.

De ING-bank is wakker dwaande mei in ‘ynklusyf’ imago, mar wol net lije dat meiwurkers yn it Frysk mei klanten prate. Foto: It Nijs

Freonlik
Hidde van der Weg, ek studint en beller hjoed, wurket sels by in klanteservice. “Ik fyn it hartstikke leuk om klanten yn it Frysk te helpen, ik doch dat ek altyd as ik fernim dat se Frysk prate, dat moat gewoan kinne. Der hoecht hielendal gjin beswier tsjin te wêzen, neffens my. Oan de telefoan ien helpe fielt al wat kâlder as yn it echt mei ien prate. In soad minsken moatte dêrneist fan alles fia apps dwaan, dat makket it ek al dreger. En ast holpen wurdst yn dyn memmetaal, jout dat dochs wat waarmte, wat freonlikens.”

De studinten meie kreatyf wêze en fragen stelle lykas: “Kin ik de ING app ek yn it Frysk krije?”. It antwurd dêrop wie ek: “Nee.” Oan de ein fan it petear besleat Veenstra dat er dochs mar “oerstappe sil nei in oare bank”.

Belied
De ING seit dat se yndied skille binne troch Fryskpratende klanten hjoed. Hoefolle oft dat krekt west hawwe is net dúdlik, omdat der alle dagen likernôch 10.000 telefoantsjes ynkomme. De wurdfierder wiist der op dat it brûken fan de Fryske taal yn telefoanysk kontakt mei harren klanten earder wiidweidich yn de media bepraat is. It belied fan de bank sil lykwols yntern tsjin it ljocht holden wurde.

Boarne: Omrop Fryslân

Sjoch ek:

www.itnijs.frl/2024/02/ing-bank-ferbiedt-fryskpraten

www.itnijs.frl/2024/02/mediastoarm-om-ferbod-fryskpraten-by-ing

www.itnijs.frl/2024/02/jongfryske-mienskip-hinget-fryske-flaggen-op-by-ing-yn-amsterdam-2

maaie 6, 2024 20:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.