‘Kiespijn’ oer de Europeeske ferkiezingen

maaie 11, 2024 08:11 Fernijd

Takom moanne is it wer tiid foar de Europeeske ferkiezingen. Fan snein 12 maaie ôf is it programma Kiespijn oer de ferkiezingen te sjen, mei de ferkiezingskwis fan Nederlân.

Diederik Ebbinge (foto: ©NTR)

Diederik Ebbinge (foto: ©NTR)

Presintator Diederik Ebbinge fertelt: “As ik hiel earlik bin, begryp ik no noch hieltyd net wêr’t we no krekt by de Europeeske ferkiezingen foar stimme, en hoe’t it dêr yn Brussel om ta giet. Ik hoopje dat ik, en dêrmei ek de sjoggers, it nei dizze fjouwer ôfleveringen Kiespijn better begryp en ik op 6 juny goed oerwage it stimhokje ynstappe kin.”

Rasjo
Yn ferskillende omgongen wurde de oanfierders Rutger en Gijs en ploegen op harren Europeeske kennis en ymprovisaasjefermogen oangeande it ferkiezingssirkus hifke. Kiespijn ferdjippet him yn it wol en wee fan Brussel en bringt de Europeeske ferkiezingen nei Nederlân. Wêrom wurde guon ôfspraken op Europeesk nivo makke en oare net? Hoe kin it dat jins stim foar de VVD eins itselde is as in stim foar D66? En hoe is de ferhâlding tusken rjochts en lofts op Europeesk nivo? Dat en mear wurdt ek dit seizoen wer ûndersocht en analysearre troch mister opinypanel Gijs Rademaker, dy’t yn alle ôfleveringen ferskillende kwestjes peile en ferhelderje sil.

Dit jier is it folk der ek wer by. De swevende kiezer wurdt útnûge om yn ’e studio de striid tusken ‘rjochts’ en ‘lofts’ fan tichteby mei te meitsjen en in eigen stim te finen.

Utstjoering: Kiespijn, De Europese Verkiezingen is fan snein 12 maaie ôf te sjen om 20.15 oere by de NTR op NPO 3.

Foto: ©NTR

maaie 11, 2024 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.