Jaap Slager: MinskDOM

maaie 4, 2024 08:00

Kollum

Om’t ik it net oan tiid haw, folgje ik langer it nijs net op ’e foet. Mar men hoecht it nijs ek net te folgjen as der yn tûzenen jierren neat wêzentliks feroaret …

Jawis, efkes like it minskdom yn ’e sechstiger jierren op ’e klaver te kommen. Men wie foar ‘love, peace and understanding’ en rôp: ‘Make love, not war!’ En elts mocht meidwaan as er dat woe, net ien waard bûtensletten.
Tsjintwurdich ropt de jeugd wer: ‘We want war!’ En net alleman mei mear meidwaan. As bygelyks in Joad slim ferdield is op wat der yn Gaza bart, hoecht er net te mienen dat er oan in demonstraasje dêrtsjin meidwaan mei. As Anne Frank hjoed in Amerikaanske kampus op rinne soe, mocht se bliid wêze as se der sûnder kleanskuorren wer ôf kaam. Hja is de fijân! Watte? It komt skielk noch sa fier dat alle Joaden by it oanskôgjen fan it earste libbensljocht fuort wer út ’e ljochten holpen wurde. Dêrom sis ik: Wat is der yn tûzenen jierren wêzentlik feroare?
No wurdt der langer wol sein dat Amerikanen (en harren hjoeddeiske Herodesen) dom binne, mar dat is net sa. Of leaver, it is helte slimmer: it minskdom is dom!

Peter Paul Rubens (1577-1640), Bernemoard yn Bethlehem

Yn ’e Kâlde Kriich wie de polarisaasje jit oersichtlik: wij wiene sa goed as koeke en de oaren wiene brânje foar de hel. Wa oft der yn dut ferbân ‘wij’ wiene en wa ‘de oaren’, dat hong der efkes fan ôf oan hokker kant de Muorre oft men it (libbens)ljocht sjoen hie – sa’t Graham Greene yn The Quiet American al fyntsjes opmurk. De flowerpowerbeweging yn ’e sechstiger jierren woe koarte gongen gean mei dy simplistyske tinkwize. Risseltaat: wy kinne no fan alle man en wrâld in dolk yn ’e rêch ferwachtsje.

Okkerwyks skreau ik op Facebook dat yn ’e foarige iuw Oarekant-de-Muorre de kommunistyske partijen yn it Westen stibelearre. Dat brocht lykwols te min seadden oan ’e dyk fan it totalitêrisme. Dêrom naaie de oligargen dêrjinsen it langer oer in oare latte. In pear jier ferlyn die al bliken dat Le Pen fan Pûtin betelle wurdt. Putain! Lêsten kaam oan it ljocht dat Dewinter jild fan it Sineeske regear krijt. ‘Hoe sit dat yn ’e Nederlannen?’ frege ik my lûdop ôf. Fuort wie der in ‘cloak-and-dagger’-mantsje dy’t andere mei de fraach: ‘Hoe sit dat yn Portugal?’
Touché! Wie ik der in jiermannich lyn noch grutsk op dat de meast rjuchtse partij yn Portugal it CDS-PP wie (in foech krusing tusken CDA en VVD), by de lêste twa ferkiezingen krige it nije ekstreemrjuchts sitten yn it parlemint. De ein fan ’e diktatuer wie okkerdeis fyftich jier lyn. Dus Dat nea wer! is inkeld noch it biedwurd fan ’e âlderein. Dat der sil skielk wol in weach sigeuners op de ‘ferdraachsume Nederlannen’ ta komme, lykas ûnder mear de Espinosa’s doedestiids flechten foar de Ynkwisysje.

(De selsferklearre wizeling sil wol sizze: ‘Wat in dom stikje wer!’ Mar dat is ek de strekking: it minskdom is dom. Dus dat jildt ek foar …)

maaie 4, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Fridunanth maaie 4, 14:02

    Ja, as regenten, praathûs en asegaas ektreemlinks wurden binne, is al it oare fansels ekstreemrjochts.

  2. J. Slager maaie 5, 13:01

    Ik haw begrepen dat de plysje by it ûntromjen fan guon kampussen arrestaasjes die en dat har de bek doe iepen foel doe’t bliken die dat de measte arrestanten net-studinten wiene, mar lju dy’t by demonstraasjes plichtsje te roppen: ‘JEWS will NOT replace US!’ De fraach oft soks yn ‘e kategory ‘ekstreemrjuchts’ of ‘ekstreemlofts’ falt, wol ik fan ôf bliuwe, Fridunanth.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.