EU-ferkiezingsjûn ‘Fryslân yn Europa – Europa yn Fryslân’ op 23 maaie

maaie 15, 2024 08:07 Fernijd

Yn petear mei trije kânsrike kandidaten út Fryslân foar it Europeesk Parlemint

Yn ’e oanrin nei de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint op tongersdei 6 juny organisearret it EBLT op tongersdeitejûn 23 maaie in iepen petear mei de trije meast kânsrike kandidaten út Fryslân. It giet om listlûker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel García Hermida-Van Der Walle fan D66 en Sjoerd Wijnsma fan it CDA.

As Europeesk oriïntearre organisaasjes wolle it EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum elkenien graach de kâns biede om ynformeel mei dy trije Fryske Europeanen yn petear te gean. Wat wolle sy foar Fryslân berikke yn de EU? Hoe wolle se de kontakten mei harren kiezers ûnderhâlde? Sjoernalist Onno Falkena sil de jûn liede.

Trije kandidaten út Fryslân
De Europeeske Uny sil foar elk in rol spylje mei de grutte útdagingen fan dizze tiid, mar de Europeeske polityk stiet somtiden fier fan de minsken ôf. Alle oanlieding om neier yn ’e kunde te kommen mei Anja Haga út Dokkum, Raquel García Hermida-Van Der Walle fan De Gordyk en Sjoerd Wijnsma fan Ljouwert. Wêr wolle sy harren krekt foar ynsette yn Europa? Binne se ek fan doel om op te arbeidzjen yn it Europeesk Parlemint? En wêr sitte krekt de ferskillen tusken Haga en Wijnsma as sy harren yn Brussel oanslute by deselde grutte EPP-fraksje?

Foar it EBLT binne minderheidstalen, kultuer en ûnderwiis wichtich. Tema’s dy’t yn Europa krekt wat minder heech op de politike aginda steane. Wat kin men op dy mêden fan de trije Fryske kandidaten ferwachtsje? De opset fan de jûn is sa dat it publyk folop de gelegenheid kriget om fragen te stellen oan de trije gadingmakkers. Dat kin ek gean oer foar Fryslân wichtige tema’s as de Lelyline, de melkfeehâlderij of de beskerming fan it Waad.

EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum
It Europeesk Buro foar Lytse Talen, EBLT, is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, Biltsk of Papiamintsk. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje, benammen oer regionale en minderheidstalen yn Europa.

Elk is wolkom
It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik.
Tiid: tongersdei 23 maaie, 20:00 oere
Plak: Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert
Tagong: fergees. Graach oanmelde by it EBLT.

Boarne: EBLT

maaie 15, 2024 08:07 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.