Waarpraatsje: Woansdei simmersk waarm

April 30, 2024 17:14

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in kreaze en waarme maitiidsdei. Woansdei wurdt it noch waarmer.

Tiisdeitenacht soe der in (tonger)bui falle kinne. By hast gjin wyn wurdt it 12 graden.

Woansdei is der op guon plakken earst kâns op (wat) damp, mar letter skynt de sinne geregeld. Yn ‘e rin fan ‘e middei is in (tonger)bui net hielendal útsletten, mar de kâns is net grut. De wyn komt út it noarden oant noardeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken 20 en 24 graden.

Tongersdei is it ek noch waarm en de kâns op in (tonger)bui nimt ta.

Jan Brinksma

April 30, 2024 17:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.