Waarpraatsje: Einepikewaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It hat lang duorre, mar it wie moandei einepikewaar. It bliuwt dizze wike oan ‘e waarme kant en it is ûnstabyl.
Moandeitenacht is de loft, nei alle gedachten, berûn en wat rein is net hielendal útsletten. By hast gjin wyn wurdt it 9 graden..
Tiisdei wikselje sinne en in berûne loft inoar ôf en op guon plakken soe in bui falle kinne. Middeis bliuwt it drûch. De matige wyn komt út it súdeasten en de temperatuer leit tusken 17 en 20 graden.
Woansdei is it noch wat waarmer, mar de kâns op in (tonger)bui nimt ta.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje