Sorbysk? Fansels.

april 29, 2024 08:11

Al fjirtjin iuwen wenje de Sorben yn ’e Lausitz, in gebiet yn de eardere DDR tusken Berlyn, Görlitz en Dresden. De Sorben – ek wol Wenden neamd – binne in West-Slavysk folk sûnder eigen nasjonale steat. Krektlyk as de Friezen binne se offisjeel erkend as minderheid yn Dútslân. It tal Sorbysktaligen wurdt rûsd op tsien- oant fiifentweintichtûzen. Oer tachtich jier moat dat fjouwer kear safolle wêze. Dat doel wolle se realisearje mei tal fan aktiviteiten.

Za regionalnu identitu

De Sorbyske organisaasje Domowina wol mei it projekt ZARI it Sorbysk op langere termyn wer revitalisearje. ZARI betsjut “Za regionalnu identitu” – regionale identiteit. It doel dêrfan doel is ambisjeus. Yn 2100 moat de Lausitz hûnderttûzen Sorbysktaligen hawwe. Dat sil stap foar stap berikt wurde.

Projektmanager Diana Pawlikowa: “Hieltyd mear minsken, doarpen, stêden en gebieten moatte it Sorbysk wer as harren taal ûntdekke. Wy wolle derfoar soargje dat it Sorbysk praten hjir wer normaal wurdt. Dat yn it deistich libben de minsken dy yn it Sorbysk groetsje.”

Mei fiif taalmotivators – yn Fryslân soene we dy meartaligens-koördinator neame – wurdt in netwurk boud fan Sorbysktalige minsken. De taalmotivators moatte klups en kulturele groepen doelfêst en kreatyf stypje en harren bewust meitsje fan it learen fan Sorbysk.

Sorbysk leare yn tsien moanne

It projekt Zorja jout de kâns om jin tsien moanne lang mei-inoar djip te ferdjipjen yn de Neder-Sorbyske taal en kultuer. Fjouwer taaltrêners, persoanlike “kmótš” (mentor), dy’t sels memmetaalsprekkers binne, stypje it proses nei floeiende taalfeardigens. Sûnder fokus op tabellen mei grammatika en wurdskatlisten, mar wol mei natuerlike foarmen fan taalwinning wurde se de taal machtich. Zorja is basearre op de ferskillende ûnderfiningen fan ferlykbere programma’s oer de hiele wrâld, fan de Bretonske minderheid yn Frankryk oant de lânseigen folken fan Noard-Amearika.

Leefberens: toerisme en kultuer

It Giethoorn fan Dútslan (eigen foto)

De Sorben hawwe in rike kultuer. Tradisjonele klean wurde noch in soad droegen, folksdûnsjen en koaren binne noch hieltyd populêr ûnder de jongerein. Toerisme wie altyd al wichtich yn ’e Lausitz. It Spreewald is it Giethoorn fan Dútslân, it súdlikste plak Bautzen is in stedsje grôtfol mei kultuer. De midden fan de regio wie lykwols fol mei yndustry. Dat moat ek toeristysk wurde. De âlde brúnkoalôfgravingen (foto thússide) wurde ûnder wetter set en sa geskikt foar rekreaasje makke. It plak Welzow profilearret him no as die Stadt am Tagebau.

It toerisme moat soargje dat de jongerein wurk hâldt en hjir bliuwe kin. Troch de Sorbyske taal en kultuer yn te setten as ‘merk’, snijt it knyft oan twa kanten: de rike kultuer bliuwt yn stân en jout ekonomysk en sosjaal perspektyf.

Mynput wurdt in rekreaasjemar (eigen foto)

 

 

Mear witte?
Nijsgjirrich wurden nei de Sorben en de Lausitz? Sjoch foar mear ynformaasje https://lausitz.de/de/tourismus.html.

Arjen J. Dijkstra

Foar de Ried fan de Fryske Beweging en de Fuen wie Arjen Dijkstra ferline wike by de Sorben.
april 29, 2024 08:11
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. TJIPKE Wielsma april 30, 10:47

    It Nij is moai.

  2. TJIPKE Wielsma april 30, 10:51

    nijsgjrrich

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.