Oprop foar bydragen oan Mercator International Conference

april 25, 2024 08:12

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen organisearret op 7 en 8 novimber 2024 syn 1st International Conference yn it Oranje Hotel yn Ljouwert.

Boarne: Mercator

It tema fan de konferinsje is ‘Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism’. It doel fan de konferinsje is om in platfoarm te bieden foar en diskusjes te stimulearjen oer beliedsûntwikkeling foar minderheidstalen en meartalichheid yn ferskate konteksten, fan thús oant yn it ûnderwiis.

Oprop foar bydragen
Mercator nûget út ta presintaasjes oer taalbelied, taalpraktiken, taalideologyen en taalattitudes op alle nivo’s (ynternasjonaal, nasjonaal, regionaal, maatskiplik, ynstitúsjoneel, groeps-, húshâldings- en yndividueel). De organisaasje ferwolkommet útstellen foar presintaasjes fan minsken út alle karriêrestadia dy’t har dwaande hâlde mei de tema’s fan de konferinsje. Postdoks en begjinnende ûndersikers wurde yn it bysûnder oantrune om mei te dwaan.

Yn it bysûnder wurde bydragen oer de neikommende ûnderwerpen ferwolkomme:
– Ynklusyf meartalich ûnderwiis – de didaktyk fan meartaligens
– Underwiis yn minderheidstalen en meartalich ûnderwiis en beoardieling
– Taalbelied foar húshâldingen
– Meartalige pedagogyske wurkwizen bgl. CLIL en translanguaging)
– Taalferskaat yn learareopliedingen
– Belutsenens fan âlden by taalûnderwiis
– Perspektiven op taalbeliedsûntwikkelingen út de mienskip wei
– Regionaal taalûnderwiis en taalûnderwiis tichteby
– Taalferskaat en (wrâld)boargerskip
– Taalattitudes en harren ynfloed op it taalbelied
– (Taal)learen op ôfstân – gefolgen fan de COVID-19-pandemy foar meartalige learlingen en learlingen fan minderheidstalen
– Twatalich en trijetalich ûnderwiis
– Casestudies en praktykfoarbylden yn de ûntwikkeling fan taalbelied

Foarstel yntsjinje
De oprop is iepen oant 15 maaie 2024. It formulier foar it yntsjinjen fan in útstel stiet hjir.

april 25, 2024 08:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.