Feie Fonyk: It giet de goede kant út mei it Frysk

april 4, 2024 09:00

Kollum

Boarne: Afûk

De Twadde Keamer wie nea earder sa posityf oer ús twadde rykstaal. De tiid dat guon fan betinken wiene dat it Frysk better ôfskaft wurde koe, liket foargoed foarby.

Nederlân is meartalich. Elkenien dy’t yn ús lân omrint, heart neist it Nederlânsk in soad dialekten en talen lykas it Ingelsk, Turksk, Poalsk en ien of oar Berbersk dialekt, om mar in pear foarbylden te neamen. Yn it hjoeddeiske debat liket it somtiden dat meartaligens yn ús lân in nij ferskynsel is, mar dat is net sa. Der hat nea yn de skiednis in perioade west dat elkenien deselde taal prate, mar nei de midsiuwen is it ûnderwerp fan somtiden fûl  debat wurden, benammen as it oer efterstân yn it ûnderwiis gie.

Yn it ferline hearske it idee dat bern fan mear talen yn ’e war reitsje en in taal dan net goed leare kinne. Benammen fan de sechstiger jierren ôf begûnen âlden dy’t fan hús út gjin Hollânsk praten, harren bern op te fieden mei de earste rykstaal. Ommers: “Wol in bern yn Nederlân it letter goed dwaan, dan is it wichtich dat it dy taal goed behearsket.” Undersyk hat lykwols útwiisd dat bern sûnder problemen mear talen leare kinne en dus mear as ien taal harren memmetaal neame kinne. Dêr binne wat langer wat mear minsken fan oertsjûge rekke, mei alle positive gefolgen foar it Frysk.

Alle taalkundich ûndersyk lit sjen dat in bern ûnder bepaalde kondysjes twa memmetalen ûnder de knibbel krije kin. Boppedat is twataligens goed foar de ûntjouwing en groei fan de harsens. Twataligen binne  better yn it oplossen fan komplekse problemen, hja leare better oare talen, litte har minder ôfliede, lykje haad- en bysaken better ûnderskiede te kinne, hja leare dat oare minsken in oar perspektyf hawwe kinne as harsels. Teminsten, dat wurdt sein. Ik wit net oft it yn alle situaasjes wier is.

Mar it giet goed mei it Frysk en mei de Fryske Beweging, sis ik derby. Wa hie ea tinke kinnen dat der nochris sa’n jonge foarsitter komme soe: Sjirk Bruinsma, dy’t 24 jier is.

april 4, 2024 09:00
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Willem april 4, 13:34

    Moai dat der Frysk op in ID komt mar neffens my gjin wy der kwa Frysk dit jier flink op efterút. De Omrop mei har 229.000 folgers op Facebook linkt sûnt ein jannewaris san 99% fan har berichten troch nei de Nederlânsktalige artikels. Wêrtroch dus 229.000 minsken, dy’t skynber foarhinne (sûnt 2011) gjin (grutte) problemen hienen mei Fryske artikels, no standert Nederlânsktalige artikels op harren skerm krije. Ik doar de stelling wol oan dat der dit jier flink minder Frysk lêzen wurdt.

    En just yn ‘e kunde komme mei it Frysk makket dat der nije leafhawwers komme. Ut it each wurdt al rap út it hert. Ik sels wie earst ek wat ûnferskillich. Oant ik op de Omrop Frysk begûn te lêzen en lêsde hokker moaie wurden oft der binne. Al rap hie ik in rapkoppeling(?) nei wat doe noch Taalweb.frl wie op myn tillefoan, om geregeld wurden op te sykjen. Soks wie net bard as ik de Frysktalige artikels net lêzen hie.

    As de Omrop sa graach in Nederlânsktalige FB-side ha wol, meitsje dan gewoan in nije. It liket no in bytsje tefolle as of se fan it Frysk ôf wolle. Funest foar it Frysk dit.

  2. Fridunanth april 5, 00:39

    1. OARE rykstaal, net twadde!
    2. Betrou nea politisy, dy’t mei geskinken komme. Dy reginten wolle wat werom: jo stim.
    3. Lykas elkenien wit, wurde dy ‘soad talen’ stipe troch de reginten en it Frysk wurd deltwongen. Reden: sjoch 2.
    4. In sentralistyske globalistyske d66-er as riefoarsitter……!?

  3. mbc84 april 5, 15:28

    Salang’t ik by it Frysk belutsen bin, giet it Frysk efterút, op alle fronten, nettsjinsteande alle positive ynisjativen. It Frysk fan myn neefkes is net om oan te hearren, ik bin mar oergongen op it Hollânsk want mei Frysk hat it hast neat mear te krijen. Se krije Frysk ûnderwiis… Grif ek troch ien dy’t ek sa heal Frysk praat. Ik jou it op, de Friezen wolle it sels net. Mei kulturele autonomy rêdst it net.

  4. Klaas Groen | Grinsgefål april 8, 10:05

    De âldere generaasje is opgroeid mei it byld fan delgong en ik begryp dat it lestich is om dit los te litten. Mar sjogge jo nei de struktueren, kennis en opfettingen dan is der wol grif wat feroare dizze iuw.

    Besjoch foar de aardichheid dit filmke soe ik sizze: https://www.youtube.com/watch?v=19C636qdB9g

    Wy wurde stipe troch it “sentralistyske en globalistyske” Jeropa en dit twingt De Haach om mear Fryske ambysje ta te litten. Binnen Fryslân wurkje ålle partijen mei oan it befoarderjen fan it Frysk. D66 hat boppedat yn ‘e twadde keamer in foarlukersrol spile foarich jier mei it BFTK-debat.

    Dus doar ek ris nei de positive dingen te sjen en bliuw frål Frysk prate mei je neefkes. Yntusken hoopje ik fansels wol dat eltse skoalle en ‘bernehaachje’ meartalich wurde mei en dat it taalnivo ek krekt ås de earste rykstaal hanthavene wurde sil. #bftk

  5. - april 9, 14:51

    ‘bliuw prate’ kin net; gean fral troch mei Frysk te praten tsjin…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.