FryslânDOK: ‘It Amelân, de wâl en it skip’ takom wykein te sjen

maaie 15, 2024 08:13 Fernijd

Fan ’t simmer moat yn De Haach in beslút nommen wurde oer de takomst fan it ferfier nei It Amelân. It tal passazjiers is yn de ôfrûne fyftjin jier fiks tanommen, mar tagelyk is de natuer bot efterútgien. De FryslânDOK ‘It Amelân, de wâl en it skip’ ûndersiket de ferskate belangen en mooglike oplossingen om It Amelân yn de takomst ek berikber te hâlden.

Foto: Omrop Fryslân

Miljoen reizgers
It waadgebiet nimt oan populariteit ta. De ferwachting is dat der yn ’e takomst hast in miljoen minsken yn it jier nei It Amelân reizgje sille. Underwilens sliket it farwetter ticht en wurdt it dreger om it eilân te berikken. Dat farwetter is yntusken ien fan de meast baggere soalen fan Nederlân. De útdaging is dêrom grut: der moat in yngeande feroaring komme fan it ferfier nei it eilân.

Natura2000-gebiet
It Waadgebiet is Natura2000-gebiet en Wrâlderfgoed. De kwetsbere natuer wurdt hjir fia strange wet- en regeljouwing beskerme. De oertocht nei It Amelân, dy’t dit gebiet dwers trochkrúst, is dêrom ek in yngewikkelde kwestje. It ferpleatsen fan de feardaam fan Holwert nei Ferwert is neffens wiidweidich ûndersyk fan Rykswettersteat in kânsrike oplossing, dêr ‘t in robúster soal foar legere baggerkosten soarget. De Waadferiening sjocht mear heil yn it ferduorsumjen fan de hjoeddeiske oertocht, om de kwetsbere natuer by Ferwert te beskermjen tsjin de komst fan in nije feardaam.

De útkomst
De belangen rinne fier útinoar en in oplossing liket hast ûnmooglik. Fan ’t simmer wurdt yn De Haach besletten oft der in ferfolchûndersyk komt, mei fan gefolgen in grutte ynvestearring fan it Ryk. Yn de FryslânDOK ‘It Amelân, de wâl en it skip’ wurde troch belanghawwers ferskate útkomsten bepraat om de berikberens fan It Amelân foar de takomst te garandearjen.

FryslânDOK ‘It Amelân, de wâl en it skip’ te sjen:
Sneon 18 maaie 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 19 maaie 13.30 oere en 23 maaie 13.20 oere);
Snein 19 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren).

maaie 15, 2024 08:13 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.