Twaminutedebat oer it Frysk en de BFTK

maart 26, 2024 13:30

Woansdei 27 maart fan 14.30 oant 14.50 oere wurdt yn yn ’e Twadde Keamer it twaminutedebat oer it Frysk en de BFTK (bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer) holden.

Boarne: Wikipedia – publyk domein

Yn de BFTK jouwe it Ryk en de provinsje Fryslân ynfolling oan de Wet gebrûk Fryske taal. De ôfspraken binne basearre op it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Doelstelling is in tanimming fan it tal persoanen dat de Fryske taal skriuwt, lêst of praat.

De provinsje hat as Taalskipper in wichtige rol by de útfiering fan de ôfspraken. Ien fan de grutste útdagingen is it fuortsterkjen fan it Frysk yn it ûnderwiis. Alle skoallen yn it Fryske taalgebiet moatte yn 2030 oan de kearndoelen foar it Frysk foldwaan.

De ôfspraken yn de bestjoersôfspraak soargje foar de rânebetingsten om dat mooglik te meitsjen, lykas goed lesmateriaal, ûnderwiisbegelieding, oplate dosinten en foarljochting. Foar it Frysk op universitêr nivo jout it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes in jierlikse bydrage fan € 110.000 foar de Learstoel Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins.

Sawol provinsje as Ryk sette har yn om de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen. Bygelyks yn ’e iepenbiere romte op paadwizers, mar ek by keunst- en kultuerprojekten. De BFTK foarmet, neist it ûnderwiis, de basis foar it belied foar rjochtspraak, media, soarch en kultuer. Foar de jierren 2024-2028 moatte de earder makke ôfspraken oanskerpe wurde.

Belangstellenden kinne it debat op ’e tribune of online fia de livestream bywenje. Dit is de link nei de livestream yn ’e plenêre seal: www.tweedekamer.nl/vergaderingen/livedebat/plenaire-zaal.

maart 26, 2024 13:30
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jehannes Elzinga maart 28, 15:52

    Ik kin dit berjocht spitigernôch net beharkje, der rine 2 berjochten troch inoar hinne op myn PC.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.