Twadde Keamer redendielt wer oer (en ek in bytsje yn) it Frysk

maart 27, 2024 21:52

De Provinsje Fryslân ûnderhannelet noch wakker mei it Ryk oer de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Hjoed woe de Twadde Keamer der ek fannijs – nei it Rûnetafelpetear mei fertsjintwurdigers út de maatskippij yn oktober – gâns wat oer kwyt. Keamerleden sûnder streekrjochte bân mei Fryslân spilen by it opkommen foar de Twadde Rykstaal net swak by. Moasjes oer bygelyks mear sichtber Frysk op strjitte, twatalige rjochtsaken en it fuortsterkjen fan Frysk yn de media, dêrûnder films en telefyzjerigen, kamen op it aljemint. Dêr foel sa út en troch wol ris wat mear Frysk by te hearren as dat de Keamerfoarsitter eins noaske. Ferantwurdlik minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken wol sa njonkelytsen graach trochavesearje mar de winsken fan de Keamer befoarderje net dat it mei de BFTK ynkoarten ta in útdragene saak komt.

Sjoch hjir foar it ferslach fan Omrop Fryslân oer it Keamerdebat fan fan ‘e middei. Hjirûnder is dat saneamde twaminutedebat oer de BFTK yn al syn hear en fear werom te sjen:

maart 27, 2024 21:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.