Abe de Vries: Libben en wurk fan Waling Dykstra

maart 21, 2024 08:00

Abe de Vries. Foto © Tresoar Haye Bijlstra

Understeand ferhaal oer de Fryske skriuwer Waling Dykstra (1821-1914) fertelde Abe de Vries ôfrûne sneon op de Moeting & Ynspiraasjemiddei fan it Keninklik Frysk Boun om Utens.

Achte bestjoer fan de Fryske krite Waling Dykstra, bêste minsken,
wat moai dat ik foar jimme fan ’e middei in ferhaaltsje hâlde mei oer Waling syn libben. Ik skriuw al hast in jier of tsien oer him en syn wurk, en ik hoopje dat ik, as de wyn wat geunstich bliuwt, takom jier promovearje kin op in stúdzje nei ferbannen tusken libben en wurk fan dizze man, dy’t fierwei de populêrste en as ik myn sin sis ek belangrykste Fryske skriuwer west hat yn ’e twadde helte fan de njoggentjinde iuw.

Ik wol jim dus wat fertelle oer Waling syn libben, mar ek oer de boeken en boekjes dy’t er skreaun hat. Ut al dat wurk – al mei al tsjin de 120 stikken – sil ik fansels mar in pear highlights efkes neame kinne.

Lit ús om te begjinnen ris ferhúzje nei de Waadkust fan Fryslân yn it twadde desennium fan de njoggentjinde iuw. Dat is dus wilens al twahûndert jier lyn, in tiidrek dat al gau fiif, seis generaasjes beslacht.

Waling Dykstra kaam op ’e wrâld yn Froubuorren, op it meartalige Bilt, in pear kilometer fan de seedyk ôf, yn it jier 1821, op 12 augustus. Hy wie in soan fan Gerrit en Antsje, in jong stel dat noch ynwenne by Gerrit syn âlden, pake Waling en beppe Jantsje. Pake Waling wie bakker en syn soan wie dat ek, mar dy hie noch net in eigen bakkerij. In pear jier letter krigen heit en mem de kâns om in bakkerij yn Spannum te hieren fan ’e tsjerke, en dat diene se. Waling syn heit en mem ferhuzen, mei harren âldste bern Jeltsje en tredde bern Keimpe.

Printinge út 1908

Mar Waling sels bleau oant syn njoggentjinde jier by pake en beppe yn Froubuorren. Neffens Waling om’t de âlde minsken sa sljocht mei him wiene. Hy waard in ‘laam sonder moer’, sa’t ien fan de figueren út syn earste roman De silveren rinkelbel út 1856 neamd wurdt. As jonge sil er dêr op it doarp wol mei pleage west hawwe. Mar sels wie er ek net fiis fan it útheljen fan alderhande streken. Oer de nuvere fiten dy’t destiids wol foarfoelen kinne wy miskien noch wat lêze yn syn twadde roman, De Fryske Tyl Ulespegel út 1860.

Waling kaam dus út in bakkersfermidden. Bakkers sieten yn ’e njoggentjinde iuw wat tusken wâl en skip yn. Se hiene op sa’n doarp mear oansjen en macht as arbeiders, mar stiene wer yn it skaad by de oppermachtige boeren en de hegere boargerij. Ryk wiene de Dykstra’s ek net bysûnder: pake hie wol twa húskes yn Froubuorren, oergarre út ’e Frânske tiid, mar gjin lân. It belangrykste famyljebesit wie in oanpart fan Waling syn mem yn in mânske greidpleats ûnder Baaium, net fier fan Spannum. Faaks hat dat ek de reden west om de bakkerij yn Spannum te hieren.

Waling wie nei alle gedachten wat in apart jonkje. Opstellen skriuwe koe er neffens de berjochten omraken, mar it rekkenjen bakte er neat fan. Keatse, ljeppe en mear soks fysyk fermeits wie er net bjusterbaarlike goed yn, sis mar, hy wie wat in stive harke. It bakkersfak, dat er fan pake learde, hie er ek net folle idee by. Hy siet it leafst wat yn in hoekje mei in boek of in skrift. En hy harke graach nei de spannende ferhalen fan pake, dy’t in baas ferteller west hawwe moat. Dy koe prachtich fertelle oer de Frânske tiid en de patriotten, en hoe’t er dochs altyd wat syn eigen gong gien wie.

Letter skreau Waling pake syn ferhalen wol op. Bygelyks it ferhaal hoe’t yn 1789 in patriottysk leger troch Froubuorren hinne kaam wie en alle manlju twongen west hiene om tsjinst te nimmen. Dat kinne wy yn De silveren rinkelbel neilêze. Pake moast der ek oan leauwe; hy moast de bakkerij de bakkerij litte, it daai wie noch net iens ta bôle bakt. Hy moast mei nei Stiens, dêr’t de troep legere waard. Mar pake tocht dy nacht, ferrek mar, ik naai út, ik gean werom en bak myn bôle ôf. Resultaat: de oare deis hiene hy en syn maten by Stiens teminsten in fatsoenlik stik iten.

Yn 1840, doe’t Waling junior 19 jier wie, ferhuze er nei Spannum yn de Noardlike Greidhoeke om mem mei de bakkerij te helpen – syn heit wie doe al jierren lyn stoarn. Mar al twa jier earder, yn 1838, wie er begûn om Fryske ferhaaltsjes en gedichtsjes te skriuwen. Dat kaam sa, syn maat Jacobus Hoitsma út Froubuorren hie yn dy tiid in moeting hân mei oankommend skriuwer Harmen Sytstra, dy wie doe bakkersfeint yn Winaam by in omke fan Hoitsma, en dy Sytstra makke him entûsjast foar it Frysk. Jacobus stuts Waling wer oan, en sa setten de twa Bilkerts mei ienfâldige Fryske gedichtsjes útein.

De earste jierren yn Spannum stie de skriuwerij oars mar op in leech pitsje. Spannum wie, oars as Froubuorren, in tige ortodoks-kristlik doarp. Waling hat in skoft ek tocht dat er de kant fan it leauwe op moast. Hy waard yn Spannum dêrfandinne yn ’t earstoan as in ‘lichtende sterre’ sjoen: immen dy’t troch it tsjerkefolk beskôge waard as in takomstige foaroanman yn syn fermidden.

Dat pleatslike idee oer Waling feroare radikaal yn ’e midden fan de fjirtiger jierren. It wie krisis yn ’e lânbou en alderhande sosjale tsjinstellingen waarden dêrtroch ferskerpe. Nei alle gedachten hat Waling wol omgong ha wollen mei in prûze boeredochter fan ortodoks komôf, Ymkje Noordmans. En nei alle gedachten seagen har mem en har fâd – want ek hár heit wie al ferstoarn – dat net sitten: in boeredochter mei sa’n bakkersfeint? Doe’t Waling in (anonym) Nederlânsktalich spotliet makke op in famke tusken Spannum en Iens dat hiel graach in frijer ha woe, mar waans miljeu dat út stânsbesef mar hieltyd opkearde, wiene yn Spannum de rapen fansels gear.

Dêrnei liet Waling it ortodokse leauwe stadichoan slûpe en krige er hieltyd mear krityk op wat er seach as achterhelle sosjale tastannen. Yn 1847 stie syn earste serieuze ferhaal, it kluchtige ‘De betsjoende boeredochter’, yn in Frysk literêr blêd. It gie oer in byleauwige boer dy’t in duvelbanner yn ’e hûs helle om syn sike dochter by de tiid te krijen. De minsken yn Spannum liezen dêr wer in ferwizing yn nei Ymkje Noordmans, en hielendal ûngelyk hiene se net. Guon Spannumers drigen Waling in pak op ’e bealch te jaan, dat hiene se doe mei dat spotliet ek al dwaan wollen.

Hy moast wat ynbine, want de bakkerij fan syn mem yn Spannum hie net folle foardiel by syn strapatsen, just net. Waling bakte en brocht bôle nei de boeren, mar bleau omsjen nei mooglikheden om it bakkersfak farwol te sizzen en mei syn skriuwerij syn brea te fertsjinjen.

In belangrike stap op dat paad sette er yn 1848, doe’t er fan de Frjentsjerter útjouwer Bruining it redakteurskip oer it Fryske jierboekje De Byekoer oanbean krige. Dat naam er oan. En yn 1851 krige er fan Bruining syn opfolger Fockens it bestjoer oer in nij Frysk kwartaalskrift, De Fryske Húsfreon. Sa krige er in kaaiposysje yn de Fryske literatuer en koe er mar taskriuwe.

Hy wie doe al de rizende stjer, net fan ortodoks-kristlik mar fan literêr Fryslân. Dat kaam mei om’t er foardroech en skreau yn wat men doe al ‘de folkstoan’ neamde, dat is de toan fan de gewoane man, de taal fan de gewoane man; it soarte skriuwerij dat ta in hichte it libben en it tinken fan de middenstân op ’e Fryske doarpen wjerspegele. Yn dy tiid wie dat foar Fryslân wat nijs. De literêre wittenskip neamt dat soarte fan literatuer, dat yn ’e midden fan de njoggentjinde iuw yn hiel Europa opsetten kaam, ‘realisme’.

It aparte fan Waling syn realisme wie, ûnder mear, dat syn teksten net inkeld bedoeld wiene om te lêzen, mar miskien wol op it foarste plak om foardroegen te wurden foar in ‘live’ publyk. In hieleboel Friezen koene har eigen taal noch net goed lêze: as je dy yn it hert reitsje woene, dat moast dat mei it sprutsen wurd dat de man op ’e buorren werkenne kinne soe as syn eigen. De hegerein en de boargerij yn ’e stêd – doedestiids it iennichste miljeu mei al in lêskultuer – praten en liezen faak gjin Frysk: dêr hoegde er net foar te skriuwen.

Waling wie de earste grutmaster fan dit Fryske, mei in moai wurd ‘sekundêr-orale’ realisme. Sa’t hy it die, dat waard de kommende desennia de standert foar hopen oare Fryske skriuwers. Syn lettere freon Tsjibbe Gearts van der Meulen út Burgum hearde him yn 1850 foardragen en brocht him dêr folle letter noch it folgjende oer yn ’t sin:

Elke oare Fryske skriuwer dy’t syn stikken lies, fielde wol dat hy wat oer him hie dat har ûntbriek, wat bysûnders, dat jin net samar oanwaait. En elk hie der niget oan, ek al mei om’t hy wie dochs eins in Bilkert fan komôf.

Hy koe no ek trouwe, wat er die yn 1850 mei Hinke Huizinga, in húshâldster by syn mem. Sy kaam net lang nei de berte fan harren soantsje Gerrit yn 1851 te ferstjerren. En ramp op ramp, in pear moanne letter ferstoar ek soantsje Gerrit. Waling en Hinke wennen noch mar krekt op harsels yn Spannum. Waling moast wer werom yn ’e hûs by mem. Krekt fjouwer jier letter troude er op ’e nij, mei Afke de Boer, ék in húshâldster by syn mem. Afke wie doe al swier … Yn dy tiid in skandaal fansels. Alwer! It pear ferhuze nei har trouwen yn 1855 dan ek sa gau mooglik út Spannum wei.

Se kamen yn Frjentsjer telâne, de stêd fan syn útjouwers. Yn Frjentsjer skreau er it iene nei it oare boekje, ûnder mear De Fryske Tyl Ulespegel, dat in lyts monumintsje is fan fertelkeunst. Hy krige hieltyd mear sukses by in hieltyd grutter publyk. Yn dy jierren ûntduts er tegearre mei syn skriuwersmaat Tsjibbe Gearts van der Meulen ek it toaniel. Foardrage diene se beide al sa út en troch, mar no kamen se ek mei toanielstikken foar de kreamen. Ienfâldige kluchten meast, mar Fryske toanielstikken wiene der noch net en in Fryske toanielkultuer moast noch opboud wurde. Likegoed soe noch mar 25 jier letter op ’e gruttere Fryske doarpen al mear Frysktalich as Nederlânsktalich toaniel spile wurde.

Dêrneist giene Waling en Tsjibbe Gearts fan 1860 ôf tegearre de boer op mei foardragerij. Dat wie it Winterjûnenocht, dat mear as 25 jier troch hiel Fryslân gean soe en dêr’t Waling – mei ferskate partners, letter allinnich – al mei al wol sa’n 100.000 minsken mei berikt hawwe sil. In hiel grut part fan syn publyk kaam fia syn Winterjûnenocht foar it earst yn ’e kunde mei kultuer yn de Fryske taal. It wie grappich, maklik te folgjen fermeits, mar it hie ek in protte sosjaal-liberaal stikeljen yn, sawol rjochte op de gewoane man as op de boeren en de hegerein.

Yn 1861 ferhuzen Waling en Afke en de bern nei Holwert om dêr in boekhanneltsje te begjinnen foar neist syn skriuwerij, faaks op oanstean fan de liberale en doopsgesinde hegerein en boeren yn dy krite. De twa krigen úteinlik alve bern. Afke sil der de hannen oan fol hân hawwe, want Waling wie faak de boer op. Hy wie de earste skriuwer dy’t fan syn Frysktalige pinne libje koe (en moast). Letter hat der, wol ik hast leauwe, net opnij immen west dy’t dat slagge.

Yn 1885 – wilens wie it wer in earmoedige tiid wurden – waard yn Ljouwert in grut jubileumfeest holden: 25 jier Winterjûnenocht! Doe wie er de sechstich dus al foarby. Nei’t it Winterjûnenocht ophold, krige er de earfolle opdracht fan de provinsje om as koördinator it earste Frysk wurdboek gear te stallen. Krekt yn 1911 rekke it klear. En hy sette ek syn grutte samling folksferhalen Uit Friesland’s Volksleven op poaten, Nederlânsktalich en wierskynlik syn grutste kommersjele sukses.

Yn 1890, en foar de twadde kear yn 1897, sette er boppedat – de twadde kear yn ’e mande mei de Ljouwerter útjouwer Eisma – útein mei it earste Frysktalige wykblêd út ’e skiednis, Sljucht en Rjucht. It redakteurskip dêrfan hat er hân oant syn dea yn jannewaris 1914.

Waling Dykstra is 92 jier wurden. Yn ’e lêste tweintich jier fan syn libben waard er literêr ynhelle troch jongere generaasjes, dy’t in persoanliker Fryske literatuer woene mei mear gefoel en lyryk, en dy’t minder hawwe moasten fan de sosjale krityk en de libbenslessen dy’t hy altyd sa riinsk yn syn skriuwerij ferwurke.

Nimt net wei: hy hat de man west dy’t it Fryske folk learde om syn taal te lêzen. Hy wie de man dy’t suver eigenhannich de Fryske toaniel- en foardragerskultuer yn gong sette. En ek, en dat is neffens my syn belangrykste literêre fertsjinst, wie hy dejinge dy’t de Friezen selsbewustwêzen bybrocht. De man dy’t de Friezen net inkeld har taal en har kultuer kennen learde, mar dy’t it yn ’e begjinnende demokrasy fan de fjirtiger jierren, doe’t by ús suver noch gjin sosjalist te bespeuren wie, al oandoarde om behalve syn gelikensen ek de hegerein op it festje te spuien.

Monumint yn Holwert, makke troch Chris Fokma

Yn 1924, tsien jier nei syn dea, hiene se hjir yn Meppel dus werklik gjin bettere namme foar harren Fryske krite betinke kinnen as de earenamme dy’t de krite krigen hat: dy fan Waling Dykstra.

Ta beslút wol ik graach hjir op jim jubilearjende krite it gedichtsje lêze dat de Pitersbierrumer dichter Wynsen Faber foar Waling skreaun hat by dy syn tachtichste jierdei yn 1901:

Jeld en kjeld mei snie en iis
Meitsje yn libbenswinter griis,
Dat dêr om sa’n achtbere holle
Ink’lik wite lokken krolle.

Ier en let mei holle en hân
Yn ’e skrep foar Folk en Lân,
Sljucht en Rjucht nei Gysberts leare,
Nea begien op idele eare,
Kaam foar Jo, sa foar en nei,
Tachtich kear Jo bertedei.
Wat wy Jo hjoed winskje sille?
‘Blide moed’ yn stille wille!

Abe de Vries efter de boeketafel. Foto Jan Bosgraaf

 

maart 21, 2024 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.