Papiamintsk kriget deselde status as Frysk

jannewaris 29, 2024 08:14

Nederlân hat it Papiamintsk, krekt as it Frysk, erkend ûnder Part III fan it Europeesk Hânfest foar Regionale Talen of Talen fan Minderheden. Dat dielde de Ried fan Europa ôfrûne tongersdei mei. Dêrmei komme der mear (wetlike) mooglikheden en finansiering foar it behâld en gebrûk fan it Papiamintsk. Mei Part III wurdt troch de nasjonale en Bonêriaanske oerheden in trajekt ynset om de taal op Bonêre te ferankerjen yn ûnderwiis en media, by de oerheid en yn ’e mienskip.

Kralendijk Bonaire (foto: pixabay.com)

Papiamintsk wurdt as memmetaal sprutsen troch in part fan de befolking op Aruba, Bonêre en Curaçao. De erkenning ûnder Part III Hânfest foar it Papiamintsk jildt inkeld foar Bonêre. Dat eilân telt 24.000 ynwenners, fan wa’t neffens rûzing 8.000 Papiamintsk sprekke. Yn it Europeeske part fan it Keninkryk binne nei alle gedachten 60.000 Papiamintsk-sprekkers en kriget de taal automatysk in lichtere beskerming ûnder Part II fan it Hânfest.

De erkenning foar it Papiamintsk komt op it momint dat de provinsje Limburch oer nij taalbelied en in oanfraach foar in Part III-erkenning foar it Limburchsk neitinkt. It Limburchsk hat sûnt 1997 in lichtere erkenning as regionale taal ûnder part II fan it Hânfest. De Ried fan Europa hat Nederlân lykwols it ôfrûne jier op ’e fingers tikke oer it útbliuwen fan Limburchsk taalbelied en deputearre Kuntzelaers joech koartlyn ta dat de oerheid de ôfrûne 25 jier ‘stekken fallen litten hat’.

Provinsjaal Gûvernemint yn Maastricht (foto: Wikipedia/Julian Ilcheff Borissoff, eigen wurk – CC BY-SA 3.0)

Nei desennialange stilstân yn ’e Nederlânske taalpolityk is de erkenning fan it Papiamintsk berikt troch it mienskiplik oplûken fan non-gûvermintele organisaasjes, wittenskippers en lokale oerheden, om sa fernijing en ferbettering fan de posysje fan dy regionale taal te bewurkmasterjen. Foar it Limburchsk hawwe de gearwurkjende Limburchske taalorganisaasjes yn 2023 de provinsje oproppen om deselde status as foar it Frysk te betingjen.

Yn útstellen foar nij Limburchsk taalbelied joech deputearre Kuntzelaers resintlik lykwols oan gjin Part III-erkenning te winskjen. Nei krityk fan ferskate Steatefraksjes sei Kuntzelaers dochs ta dat “… as jo sizze wy geane foar III, dan geane wy foar III en dan sille we dat dwaan.” Oankomme maart yn ’e Steatekommisjes en yn april by de Steategearkomsten sil dúdlik wurde oft de provinsje Limburch de Papiamintske wei foar it Limburchsk folgje sil.

Sjoch ek op www.limburgs.org.

jannewaris 29, 2024 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.