Stoarm Gerrit feroarsaket grutte oerlêst yn Skotlân

Desimber 28, 2023 11:12

Yn Skotlân hat stoarm Gerrit ta grutte oerlêst laat. De langste sneldyk fan Skotlân, de A9, wie oeren oanien ôfsletten fanwegen it slimme snijen. Auto’s stiene kilometers lang muorrefêst yn in tsjok pak snie.

Foto: Wikimedia Commons/Harry Pot-Anefo – publyk domein

Op it spoar fan Dundee nei Glasgow waard in ridende trein troch in beam rekke. Net ien rekke ferwûne. Neffens de Skotske krante The Herald kamen tsientûzenen húshâldens yn it noarden fan it lân sûnder stroom te sitten. De krante skriuwt ek dat it waar ekstremer útpakte as dat ferwachte wie. De wynpûsters fan stoarm Gerrit berikten faasjes fan hast 130 kilometer yn ’e oere.

Net allinnich yn Skotlân liet Gerrit him jilde. Op lofthaven Heathrow yn Londen hiene piloaten troch de swiere wynpûsters it dreech om it fleantúch feilich oan ’e grûn te setten. Yn Nederlân hat Gerrit gjin grutte gefolgen. Op de Waadeilannen kin it bluisterich wurde mei wynstjitten fan likernôch hûndert kilometer yn ’e oere oant freedtejûn, mar fan in echte stoarm is gjin sprake.

Stoarm Gerrit tanket syn namme oan earder NOS-waarman Gerrit Hiemstra. Doe’t dy ein augustus by de Nos ôfskied naam, waard bekend dat in stoarm nei him neamd wurde soe. De NOS hie him foardroegen, as earbetoan oan it goed 24-jierrich tsjinstferbân by de omrop. “Dat as Gerrit noch wat fan himsels meimeitsje wol, moat er tongersdei of freed efkes mei de boat nei Teksel hinne en wer om op it strân út te waaien”, tipte syn âld-kollega Peter Kuipers Munneke.

Desimber 28, 2023 11:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.