Fiering hûndert jier Frysk Boun om Utens
Resint ferskynd
Streekrjocht ferslach jubileumfeest Frysk Boun om Utens (wurdt hjoed algeduerigen oanfolle)
GRUT NIJS: IT BOUN WURDT KENINKLIK!
Foto’s: ItNijs.frl
Oan de Thorbeckeleane yn Swol hingje Fryske flaggen en rûnom wurdt fan ‘e moarn Frysk praat en oranjekoeke iten: yn Wyksintrum SIO is hjoed de jubileumfiering fan it Frysk Boun om Utens; de koepelorganisaasje fan Fryske kriten bûten Fryslân, dat hûndert jier bestiet. Foarsitter Jan Bijkerk stiet breed glimkjend yn de doar en besiket mei elke ynkommer te fûstkjen.
Om alve oere set de foarsitter mei it programma út ein. Der wiene noeden oer it fuortbestean, seit er yn syn taspraak en in stikmannich kriten moast belies jaan, mar der binne no noch tolve oer. En hy ferdútst: de basis leit yn de ekonomyske krisis yn de twadde helte fan 19de iuw, doe’t in protte Friezen migrearren, mei noch in emigraasjeweach nei de Twadde Wrâldoarloch. Friezen yn harren nije wenkriten hiene ferlet om mei-inoar harren taal, kultuer en identiteit te belibjen. En stadichoan sochten de ferskate pleatslike kriten kontakt mei-inoar. Uteinlik late dat ta de oprjochting fan in oerkoepeljend bûn, juster presys hûndert jier lyn. Yn de moderne tiid is der minder ferlet om inoar op te sykjen, dat noed om de takomst bliuwt. Mar hjoed is it feest.
Dan komt Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok oan it wurd. As nije Fries snapt er eins net dat alle bûten-Friezen yn de seal net mear yn Fryslân wenje wolle, sa seit er mei in tsjokke knypeach.
En dan hat de Kommissaris grut nijs: sjoen it ûnbidige belang fan it Boun foar de Fryske taal en kultuer hat de Kening kediisd dat it Boun tenei it predikaat Keninklik fiere mei!
Tegearre mei deputearre Eke Folkerts langet Brok de byhearrende oarkonde oer oan foarsitter Bijkerk. Dy ljochtet noch ta dat it nijs harren suver hast oer it mad kaam, want it predikaat wie wol oanfrege, mar pas op it lêste stuit is dúdlik wurden dat it takend waard. Lykwols stean der oranjekleurige sûpkes klear om der op te toasten.
En Grytsje Kingma en Rob du Jardin sjonge der yn ‘e mande mei de seal in fleurich liet oer.
Dêrnei hâldt de foarsitter fan de Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden, Wiebe Wieling, in persoanlike taspraak. Oer Friezen om utens mei langstme nei it Heitelân. Oer nije Friezen dy’t ynearsten net nei Fryslân ta woene en der no net mear wei. Oer al dy frijwilligers dy’t harren altyd wer ynsette foar de Alvestêdetocht. Dat hat allegearre te krijen mei deselde bân dy’t de minsken yn de seal ek fiele.
Yn it grôtfolle programma is der dan de útrikking fan in jubileumboek oan de skriuwer, earder foarsitter Hâns Dijk, en de útjouwer Jitske Kingma. It boek giet oer it djippe wêzen fan de Fries om utens.
Dêrnei fannijs in optreden fan it sjongduo mei ûnder oaren it liet ‘Ik kom út Fryslân’, mei ynmoed en in Frânsk aksint mar wol yn tige geef Frysk songen troch Rob.
Nei de lunch, doe’t de kriteleden de gelegenheid krigen om de oarkonde fan tichteby te besjen, is der in optreden fan it man- en froumachtige Bounskoar, gearstald út de koaren fan de kriten Swol, Lelystêd, Boadegraven en Twinte, ûnder lieding fan Jelma Wiegersma. It optreden mei sawol ferneamde as minder bekende Fryske lieten rispet in steande ovaasje.
Dêrnei moat trûbadoer Gurbe Douwstra der lykme-allinne mei rêde, mar dat slagget him skoan. Hy fernijt it omsittend laach dat er in spyllyst opdroegen krige hat fan de foarsitter. Dêr koe er him lykwols hielendal yn fine.
De lêste kulturele bydrage is in spesjaal foar dizze gelegenheid gearstald optreden fan teäterselskip Hymphamp mei sketskes en ferskes, sa út en troch gefoelich mar meastentiids hilarysk. It skrillet der ek net foar tebek om it omsittend laach te begekjen. Sa wurde de Bûtenfriezen op it harspit nommen om harren âldfrinzige idioom mei wurden dy’t Friezen yn Fryslân amper mear neikomme kinne en ferfryske plaknammen lykas Swol en Utert, dy’t gjinien fierders brûkt.
It programma rint aardich út en it is al om healwei seizen hinne as de dei ôfsletten wurdt mei tankwurden foar de jubileumkommisje en guon helpers, sûnder wa’t it feest hjoed net mooglik west hie en in slotwurd fan de foarsitter dy’t de dei nochris oereidet. Lykwols is it feest noch lang net dien, want der folgje in sûpke en in waarm en kâld buffet, foar de sammele Friezen dy’t foarearst noch net útpraat binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje