1923 – Frysk Boun om Utens – 2023
Resint ferskynd
Ein 19e iuw seagen in soad minsken yn Fryslân gjin takomst mear. Hûs en hiem, famylje, buorlju, freonen en freondinnen en oare kunde waarden ferlitten. Der kaam in ûnwisse tiid yn in frjemde omjouwing foar yn it plak. Fan it plattelân nei de stêd of noch fierder fuort, nei it bûtenlân. Wat fertroud wie lei no fier fan hûs, sa fier, dat men inoar faak langere tiid net seach. Net frjemd, dat men sa ûnwennich as in hûn waard – der sels siik fan wie. Der moast lykwols brea op ’e planke komme. Dat slagge hast net mear yn it Heitelân.
In oar lykwicht waard socht en fûn. It die bliken dat oare minsken mei deselde ûnwennigens sieten en as dan ek noch blykt, dat hja deselde taal sprekke, dan is de pine al gau minder grut. Jo begripe inoar en wurde part fan inoars emoasjes. De taal wurdt it bynmiddel om inoar te finen, te laitsjen, te gûlen, te fieren en te belibjen. Selskippen fan Friezen om utens wurde foarme, want sa komme jo de tiid troch yn ’e frjemdte.
Al mear as hûndert jier lyn wiene der Fryske kriten yn Nederlân. Sjongkoaren, toanielselskippen, foardrachtskeunstners, kabaretselskippen, dominys – allegearre yn it Frysk – de taal fan it hert! Sa moeten de lânferhuzers inoar en fielden se harren wer in bytsje ‘thús’. Geandewei kamen der mear en mear kriten en nei in oprop út Utert wei, kamen op 15 septimber 1923 trettjin fertsjintwurdigers fan kriten út Amsterdam, Haarlim, De Haach, Rotterdam en Arnhim byinoar. “It Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân” waard oprjochte. Alle oare kriten yn Nederlân koene har dêrby oanslute.

Mannen fan ’e earste oere – bestjoer fan de Fryske krite Rjucht en Sljucht fan De Haach – 1924
Nei 25 jier waard yn 1948 de namme feroare yn “It Frysk Boun om Utens”. 35 Kriten wiene der doe by oansletten mei sa’n 6.000 leden. Njoggen jier letter, yn 1957, telde it Boun 37 kriten mei sa’n 7.000 leden.
Bysûndere gearkomsten fan It Boun binne de Friezedagen: om de fiif jier komme dan leden fan kriten út it hiele lân byinoar. Fierder binne der de Kaderwykeinen foar bestjoersleden fan de kriten om inoar te stypjen en ûnderfiningen út te wikseljen. Toanielwykeinen en -dagen wurde holden om spilers te stypjen, en kursussen Frysk om ien of mear Afûk-diploma’s te heljen. Hûnderten Friezen om utens binne sa betûfte lêzers en skriuwers fan de Fryske taal wurden. Hjoed-de-dei telt It FBoU noch tolve oansletten kriten mei in lytse 1200 leden.

By in feestje heart in slokje! By de krite Waling Dijkstra giet it der wol yn…
Sneon 16 septimber wol It Frysk Boun om Utens it hûndertjierrich bestean feestlik fiere. It mienskipssintrum SIO yn Swol is it plak dêr’t goed twahûndert Friezen om utens en spesjale gasten it jubileum fiere sille. Dat feest is mei mooglik wurden troch subsydzjes fan Stifting Douwe Kalma, Jan Roelof Geertsma fûns, de Ried fan de Fryske Beweging, it Frysk Amateur Toaniel (IFAT) en de Provinsje Fryslân. Mear as tritich advertearders hawwe in plak yn it programmaboekje krige. Jeften ‘yn natuera’ en goed twa jier tarieding meitsje it jubileum ôf.
Hat It Frysk Boun om Utens noch wol takomst?
Al sûnt de fyftiger jierren fan de foarige iuw is it tal kriten mei de lede-oantallen tebekrûn. It bestjoer siket al jierren nei oare oansprekkende wizen om de Frysktalige jongerein nijsgjirrich te meitsjen foar Fryske kriten. Dy kriten fergriizje yn heech tempo en sitte te springen om nije oanwaaks. It konsumeargedrach fan it grutte publyk sit ús tige dwers – spektakelproduksjes, dy’t in smak jild kostje, kinne wy net betelje – gewoane produksjes binne ek al hast net mear op te bringen: dêr binne de finansjele middels al lang net mear genôch foar. Subsydzje fan oerheidswege om artysten en selskippen út Fryslân komme te litten, kin de kriten in hiel ein yn ’e mjitte komme. It ferieningslibben stiet swier ûnder druk. Budzjetten wurde krapper – ferskraling fan programma’s is gjin stipe foar ús publyk.
En dochs: jawis – der is takomst, ek foar It Frysk Boun om Utens. Mei in entûsjast kader, dat it elke kear wer foarinoar bokst om in kreas programma foar de Friezen om utens op priemmen te setten, is der moed genôch om de kop derfoar te hâlden. Mei stipe fan bûtenôf moat dat slagje – want dat is breanedich!
Wat mear as hûndert jier lyn troch klearebare ûnwennigens mei sang, foardracht, toaniel, kabaret en tsjerketsjinsten ûntstie, hat noch hieltyd in grutte betsjutting. Al is it ledetal slim tebekrûn en it tal kriten sakke, noch hieltyd binne der bestjoeren, dy’t deryn slagje om in programma foar de winterjûnenocht te organisearjen. Grutte wurdearring fertsjinje dy minsken! Sy krije it foarinoar om mei in hieltyd lytser budzjet dochs in soad minsken fan ’e bank te krijen om oare Friezen te moetsjen om it breanedige wy-gefoel te behâlden. Dat alles fertsjinnet in feestlike Jubileumdei – dik fertsjinne!
Jubileumprogramma sneon 16 septimber 2023
- Ynrin fan 10.00 oere ôf
- Iepening om 11.00 oere
Spesjale gasten by it moarnsprogramma:- drs. A.A.M. Brok, kommissaris fan de Kening yn Fryslân;
- Wiebe Wieling, foarsitter Keninklike Feriening De Friesche Elf Steden;
- Eareleden fan It FBoU;
- Grytsje Kingma en Rob du Jardin sjonge eigen lietsjes en it Jubileumliet;
- Presintaasje en útrikking Jubileumboek
- Lunch om 13.00 oere
- Middeisprogramma fan 14.00 oere ôf
Meiwurkers:- In gearstald krite-koor û.l.f. Jelma Wiegersma
- Gurbe Douwstra, Frysk muzikant
- HYMPHAMP, Frysk kabaretselskip
Trochrinnende dia-presintaasje fan 30 jier FBoU
Troch de stipe fan mear as fjirtich bedriuwen en ynstellingen kin dizze dei organisearre wurde; goed tsien bedriuwen hawwe ‘yn natuera’ harren stipe blike litten en de lotterij mei mooglik makke.
Tiid foar moeting
Ofslutend in waarm en kâld buffet
Adres: Wijkcentrum SIO, Thorbeckelaan 2, 8014 AZ SWOL
Sjoch foar mear ynformaasje: www.fryskbutenfryslan.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje