Anne Dykstra: Unfoech praat (9)

desimber 28, 2022 08:00

Kollum

It húske (1)

Húske. Boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 3.0

As ik mei lytse bern op stap moat, freegje ik altyd oft se earst ek noch efkes nei ’t húske moatte. In simpele en ûndûbeldsinnige fraach, tocht ik. Tocht ik, want lêsten frege my sa’n flarde: ‘húske?, watfoar húske?’ ‘O, nei de wc!’ In bytsje raar is it fansels wol, in húske yn ’e hûs. Earder stie in húske wol bûtendoar, in hokje dêr’t jo hinne giene om te poepen of te pisjen. Der koe in tontsje yn stean om de boel op te heinen, mar it koe ek boppe in (skyt)sleat of in jarrekolk stean.

Wy minsken skamje ús foar yntime dingen as poepen en pisjen. Ut dy skamte wei ûntstiet ferlet fan eufemismen, fersêftsjende útdrukkingen. It húske, sa docht bliken út it foarbyldsje hjirboppe, begjint ek al wat út ’e graasje te reitsjen. D.A. Tamminga skreau dat oars al yn 1961 yn de Ljouwerter. WC is in tige beskaafd alternatyf, al is it eins Hollânsk. Mar toe mar, ik rekkenje wc as in gongbere namme foar it húske.

Ewoud Sanders hat jierren lyn yn syn taalrubryk yn NRC Handelsblad mei help fan syn lêzers santich ferskillende Nederlânske wurden en beneamingen foar it húske fûn. It Frysk hat ek in soad wurden foar húske, mar ik kom dochs net earlik oan santich ta. Soks roait fansels nearne nei. It Nederlânsk sil it dochs net fan ús winne? Help mei en stjoer wurden en útdrukkingen om it húske mei oan te tsjutten op nei ynfo@itnijs.frl. It mei bêst om hiel persoanlike taal gean, wurden dy’t bygelyks allinnich mar yn jo eigen húshâlding brûkt wurde of sa. Of spontane beneamingen fan lytse bern. Alles is goed. Wy moatte dy santich ferskillende nammen foar it húske dochs ek wol helje kinne? De Fryske teller stiet op ien.

De Ingelske flagge

De Nije fan desimber 2022 stie in bydrage fan my yn oer ûngesteld wêzen en de taal dy’t dêr mei anneks is. Yn de tekst dy’t ik de redaksje opstjoerde stie û.o. dit: ‘Yn Joast Halbertsma syn Lexicon Friscum (1872) fine we: Di faem lit di Ingelske flach waeije, se is ûngesteld.’

Flagge fan Ingelân. Ofbylding publyk domein

Om’t de flagge fan it Feriene Keninkryk (FK) gauris foar de Ingelske flagge oansjoen wurdt, skreau ik dêrby: ‘Foar de dúdlikheid, de Ingelske flagge bestiet út in read krús op in wite ûndergrûn.’

It liket derop dat de redaksje fan De Nije ek tinkt dat de Britske en de Ingelske flagge ien en deselde binne, want sa is de tekst úteinlik publisearre:

‘Yn Joast Halbertsma syn Lexicon Friscum (1872) fine we: Di faem lit di Ingelske flach waeije, se is ûngesteld. Foar de dúdlikheid, de Ingelske flagge bestiet út twa reade krusen op in wyt-blauwe eftergrûn.’ Mar dat is dus de Britske flagge, en dy hie ik no krekt net bedoeld.
(Sjoch foar in plaatsje fan ‘e Ingelske flagge en dy fan it FK: https://en.wikipedia.org/wiki/Flag_of_England.)

Oare wike woansdei fierder.

desimber 28, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.