Foar it earst yn Brabân boerebedriuw útkocht yn striid tsjin stikstof

septimber 3, 2022 08:45

De provinsje Noard-Brabân en de gemeente Oisterwijk keapje in bargehâlderij yn Heukelom út foar in bedrach fan 2,5 miljoen euro. Dat moat liede ta in ferleging fan de útstjit fan stikstof by natuergebieten yn ’e omkriten. It bargebedriuw is neffens de gemeente it earste boerebedriuw yn ’e provinsje dat mei in saneamde pykbelêstersregeling útkocht wurdt.

Foto: pixabay.com

De bargehâlderij leit deun by in gefoelich Natura 2000-gebiet en stjit te folle stikstof út. It bedriuw kaam dêrom yn ’e beneaming foar de pykbelêstersregeling. Dat is in regeling fan it Ryk dy’t troch de provinsje útfierd wurdt om de útstjit fan stikstof by Natura 2000-gebieten te ferminderjen. De bruorren Sander en Niels de Rooij, de eigners fan de bargehâlderij, krije 1,6 miljoen euro fan de gemeente Oisterwijk foar harren bedriuw. De rest wurdt troch de provinsje betelle.

It bedriuw moat binnen in jier ophâlde. Fan it bedrach dat de eigners ûntfongen hawwe, moatte se wol de sloop fan harren stâlen betelje. De wenhuzen meie op it perseel stean bliuwe. “It is in lestige dei, want wy beëinigje it bedriuw dat wy fan ús âlden oernommen hawwe”, litte se oan Omrop Brabân witte. De provinsje is bliid mei de útkeap, want hieltyd mear boeren heakken by de ûnderhannelingen ôf. De provinsje wie yn petear mei tritich pykbelêsters, dêr binne noch acht fan oer. De earste dêrfan hat no dus tekene.

It boerebedriuw stjit net allinnich in protte stikstof út, mar feroarsaket neffens de gemeente Oisterwijk ek in protte stankoerlêst foar omwenners. “It bedriuw soarget foar rookoerlêst foar sa’n 1100 wenten yn ’e omkriten. It falt binnen de top 20 fan rookoerlêstjaande bedriuwen yn Noard-Brabân. Omwenners, kolleezje en rie hawwe al jierren de winsk om it bargebedriuw op dy lokaasje te sanearjen”, lit de gemeente witte.

It útkeapjen is neffens wethâlder Logister in win-winsituaasje. “Der sakket minder stikstof op de natuergebieten del en der is minder stjonkerij foar omwenners yn Heukelom en Oisterwijk”, leit er út. “Dêrmei giet in langkoestere winsk yn ferfolling.” Yn ruil foar 2,5 miljoen euro moatte de bruorren De Rooij mei harren bedriuw ophâlde en meie se ek net earne oars in nij bedriuw begjinne. Lanlik is der diskusje oer it beropsferbod dat boeren oplein krije as se útkocht wurde.

septimber 3, 2022 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.