Waarpraatsje: Oanhâldend waarm

Augustus 31, 2022 19:58

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in strieljende woansdei, mar wol mei in flink stik wyn. It bliuwt noch in hiel skoft simmersk waarm.

Woansdeitenacht is it helder en by in matige easte- oant noardeastewyn leit de temperatuer om de 10 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne wer hast de hiele dei. De wyn komt út it easten en is matich, mar by de noardlike kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt op in soad plakken 24 graden.

Freed wurdt it noch wat waarmer. Fan sneon ôf nimt de kâns op in (tonger)bui ta.

Jan Brinksma

Augustus 31, 2022 19:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.