Waarpraatsje: Kreas simmerwaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in noflik wykein en it bliuwt foarearst ek kreas simmerwaar. It wurdt dizze wike stadichoan wol wer wat waarmer.
Sneintenacht is it frij helder. Der stiet net in soad wyn, mar by kust lâns waait in matige noardewyn. De temperatuer leit tusken 10 graden yn it easten fan Fryslân en 15 graden by de kust lâns.
Moandei is der sinne mar ek bewolking. By in swakke, by de kust lâns in matige, noarde- oant noardeastewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.
Tiisdei feroaret der net safolle oan it waar.
Jan Brinksma






Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje