Nij boek: Understanding Frisian / Frysk ferstean

augustus 30, 2022 23:01

Besprek

Understanding Frisian / Frysk ferstean is in nij Ingelsktalich selsstúdzjeboek foar de Fryske taal. It is in wolkomme tafoeging oan de foarrie learmaterialen, want foar minsken sûnder kennis fan it Nederlânsk is der noch net in almeugend soad om Frysk te learen.

Wa’t it boek krekt skreaun en útjûn hat, is ûndúdlik. Op Amazon wurdt Auke de Haan as skriuwer neamd. Yn it boek stiet allinne it skriuwerspseudonym De Fryske Wrâld en der stiet ek gjin namme fan in útjouwer yn it boek. Der hearre ferskate websites by it boek en dy fertelle dat der in ploech jongelju achter it pseudonym sit, mei in kontaktadres yn ‘e Harkema. Dat de makkers út dy kriten komme, is te fernimmen oan it brûken fan ynstee fan do. Soks mei hinnebruie, mar de lange rige evidinte flaters (ik leauw, nei boppe ta, ik hear it nuvere lûd bûten weikomme ensfh.) kin der foar in serieus learboek net op troch.

De websites dy’t by it boek hearre, binne fergees te brûken mei de koades dy’t achter yn it boek steane. Oars kin men foar in pear euro in abonnemint nimme en dan krijt men help fan “Auke” (sûnder fan, mar grif de Auke de Haan dy’t op Amazon as auteur neamd wurdt).

It boek is ornearre foar minsken dy’t al wat basiskennis ha fan it Frysk. De Fryske Wrâld hat oare learmaterialen útbrocht en dêr sit ek in begjinnersboek by. Dat Understanding Frisian / Frysk ferstean rjochte is op de trochsetter, dat is te fernimmen oan de teksten dy’t in frij heech nivo ha. It binne oars gjin “scientific articles”, sa’t it boek seit, sa heech is it nivo no ek wer net, mar nijsartikels fan ItNijs.frl.

Wat krekt de funksje fan de teksten is yn it learproses, is my lykwols net dúdlik. En dêrmei haw ik de grutte swakte fan it boek fuort by de kop: der liket gjin didaktysk idee achter te sitten. By de teksten sitte mearkarfragen. De antwurden dêrop steane achter yn it boek, mar hoe’t minsken de teksten ûntsiferje moatte, is net dúdlik. In taljochting op de antwurden wurdt net jûn. De teksten lykje mear op toetsmateriaal as op learmateriaal. Allinnich wurde de nedige kennis en feardichheden helendal net oanbean.

De grammatikale útlis sit heel wat nivo’s leger as de teksten. Men soe yn in boek foar trochsetters net ferwachtsje dat de getallen (1-11 en de tsientallen en hûnderttallen, wêrom 12 net?) noch oanleard wurde moatte, mar dy komme pas yn de twadde helte fan it boek oan ‘e oarder. It boek begjint mei de bûging fan de regelmjittige -e- en -je-tiidwurden – ek begjinnersstof, soe men sizze. Der is noch safolle mear grammatikale kennis dy’t ien ha moat om de teksten te begripen, mar dy is net út it boek te heljen.

Undúdlik is fierder wat it didaktyske nut is fan de trochstreekpuzels, dy’t in grut part fan it boek útmeitsje. De learder moat Fryske wurden fine. De oersettingen steane achteryn, by de antwurden. In gruttere didaktyske sûnde binne de opdrachten dêr’t de learders ferkeard stavere wurden korrizjearje moatte. Hoe’t se dat dwaan moatte, is net dúdlik, mar foar learders dy’t noch lang net trochkrûpt binne yn it Frysk, is it oanbieden fan ferkeard wurdbyld allinne mar betiizgjend. Sokke oefeningen jilde yn de ûnderwiiswrâld as in klassike didaktyske flater.

De terminology is ek net goed oer neitocht. It boek begjint mei in útlis oer “regular verbs”, mar dêr lykje allinne de regelmjittige -e-tiidwurden ûnder te fallen. De regelmjittige -je-tiidwurden wurde “Frisian words that end with -je” neamd, blykber om de fakterm verb te mijen, mar dy wie al earder brûkt en hie dy útlis in stik dúdliker en korrekter makke.

Yn in oefening “Research the sentence” is it doel om de sindielen te beneamen, mar de opsjes verb-subject-adjective binne in nuvere mjuks fan rede- en taalkundige ûntleedtermen. “The subject is mostly someone that does something” is in hampelige útlis en men mei hoopje dat learders in better begryp ha fan basale grammatikale termen as de skriuwer(s) fan it boek.

Wûnderbaarlik is fierder de opmerking: “Frisian is a rough language, some things might sound rude or informal”. Ien dy’t soks skriuwt, nimt syn taal net serieus – sterker noch, dy nimt it ferskynsel taal net serieus. De opmerking heart by in ynlieding op in oefening dêr’t sinnen formeler makke wurde moatte. Dêrta moat troch jo ferfongen wurde en der moatte partikels ynfoege wurde, lykas efkes. Wat de funksje fan elk fan dy partikels is, wurdt lykwols net ferteld.

It boek Understanding Frisian / Frysk ferstean lit sjen dat it meitsjen fan learmateriaal in ambacht is en dat de skriuwers dat ambacht noch lang net behearskje, hoe goed oft de bedoeling ek wêze mei. Dy’t al wat kennis fan it Frysk hat, sil der grif wat fan opstekke, mar dat is foaral omdat elke omgong mei in taal learders nuttige bleatstelling foarmet, dêr’t it brein mei oan de slach kin. De tawijde learder sil lykwols in protte dingen dwaan dy’t him net helpe by it ferbetterjen fan syn Frysk en hy sil allegeduerigen fragen ha dy’t it boek net foar him beäntwurdet: net omdat de makkers him ta in learfraach bewege wolle dêr’t dan op yngongen wurdt, mar omdat it boek sûnder didaktysk plan skreaun is.

Henk Wolf

Hjir besprutsen:
The Frisian World (2022), Understanding Frisian / Frysk ferstean. 152 siden. Priis: 23,99 euro.

augustus 30, 2022 23:01
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma augustus 31, 12:47

    [ “Frisian is a rough language, some things might sound rude or informal”]

    De Harkema??

  2. Patrick McCavery septimber 7, 02:03

    Tige Tank Henk!

    I wasted my money on this book. I am learning a lot more by watching your youtube videos and studying your vocabulary lists. You even have North Frisian. I hope one day I will learn a bit of this too.

    You are a real teacher professor Wolf!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.