Jan Schokker: Yogafûgel

augustus 27, 2022 09:43

Kollum

Der leit in lekkere, soele tekken fan lok oer my hinne. It sil de simmerwaarmte wol wêze. It bringt my in kalmte en in pierewaaiende soargeleazens dêr’t ik sûnt lang net mear oan wend bin. Neat giet my troch de hannen, it fielt as in skoalfakânsje fan fyftich jier lyn. Dizze dagen binne leech fan moatten, mar fol fan saken dy’t tusken de bedriuwen troch derta dogge. Sa fyts ik moarns nei de Tsjongerslûs, sjit foto’s fan it ferstille ljocht en folgje it iuwenâlde rivierke tsjin de stream yn. It fytspaad lâns by de brêge omheech meitsje ik nochris in byld. En wer ien. Oer Aldeberkeap fyts ik om in slachje troch dy bysûndere buorren te dwaan, en suver nei de siken te gapjen fanwegen de histoarje oeral om my hinne. Dan tebek oer de Kiekenberch. In mânske deim, dy’t ommers fan rjochts komt, lit ik foargean, groetsje in steltsje kninen, fernuverje my oer in wite reager en thús set ik my noflik oan in bakje kofje. De LC wurdt wiidweidich iepenteard. Pas tsjin tsienen stoareagje ik nei it skilderwurk dat ik ûnder hannen haw en set ik útein mei pinsielen en oaljeferve. In zen-muonts bin ik, muonts sûnder kleaster.

Mei myn skilderwurk sil ik de grutte masters en keunstkenners net wekker strike, mar heden wat is it moai wurk! De tiid skeakelet werom nei stadich, past him oan my oan. Skilderjen is it ultime ambacht, it lit sjen hoefolle kontrôle oft it ferstân oer de hannen hat. Is dat yoga of is dat zen? In pear jier lyn wiene der mominten dat ik amper de knoopkes fan in boesgroen fêstmeitsje koe. No ferbyldzje myn hannen myn foarstellings fan saken. Der is progresje.

Nei alle gedachten komt myn kalmte mei fuort út it besef dat én de wurklisten oan tún- en húskarweikes ôf binne én myn nijste boek yn ’e winkel leit. Dy prosessen kin ik loslitte, dat jout romte. Frjemd en noflik, sa’n persoanlike romte en rêst, wylst famylje, doarpsgenoaten, kunde en freonen langer lilk en teloarsteld binne yn regear, media, bazen en elkoar. Oeral yn ’e wrâld is der in heabroei yn hert, ieren en ferstân. De noeden binne fan rjochten grut. Oars bin ik aardich begien mei myn neisten en libje ik mei en yn, mar dizze simmer docht dizze yogafûgel foar syn ezel dat eefkes net.

Hoewol, in wiis man hat sein dat krekt ûnrêst in minske oanfiteret.

Yn dy yogastân fan de simmermoannen geane wy der ek mear op út. It lân yn, mei de fytsen efterop of yn ’e bus. Nije kriten ûntdekke, wat faker in museum pikke. Ik woe mear wurk fan Jan Mankes fan Boppeknipe besjen en sa kamen wy yn Gorssel by Museum More telâne en omdat wy noch mear sjen woene, ek by Ruurlo yn in kastiel, ynrjochte mei wurk fan Willink. No’t iksels skilderje, oardielje ik oars en is myn respekt en wurdearring foar modern realisme folle grutter wurden. Moai om dat no ris fan tichteby te besjen. Wat in artyst, wat in komposysjes, wat in fakman en wat in talint fan sa’n man om stof en materialen sa realistysk yn ferve op doek te krijen. Hoe soe iksels soks yn ’e fingers krije kinne? Ja, meters meitsje. Op de weromreis bin ik foar myn dwaan tige ûnrêstich, om net te sizzen behoarlik yn panyk. Ik moat blinders mear ûnderrjocht ha, moat studearje, nei in akademy en foaral in eigen styl fine. En ik hie gjin ambysjes mear? Wat in druk ynienen.

Moai dy temperatueren boppe de tritich graden. Sa drûget de oaljeferve folle rapper en kin ik better avesearje. Want dizze yogafûgel fan yn ’e simmer en muonts mei in misje yn alle oare tiden fan it jier moat oanmeitsje, meters meitsje! Hophophop!

augustus 27, 2022 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.