Hiele Noardseekust himmele: 86.954 peuken en 4.408 kilo ôffal

augustus 16, 2022 09:17

Moandei is de Boskalis Beach Cleanup Tour fan Stichting De Noordzee ôfsletten. Fan 1 oant en mei 15 augustus waard troch 1.567 frijwilligers yn tritich etappes de hiele Nederlânske Noardseekust skjinmakke. De frijwilligers rommen yn fyftjin dagen 4.408 kilo ôffal op fan de strannen. Hja pakten ek 86.954 sigarettepeuken op.

Foto: Jaap Lotstra | Stichting De Noordzee

Op ien dei 33.121 peuken opromme
Stichting De Noordzee freget dit jier opnij omtinken foar fersmoarging troch sigarettepeuken. Alle peuken waarden troch de frijwilligers apart holden en teld. De grutste hoemannichte is op it strân fan Zandvoort fûn: mar leafst 33.121 stiks. “Sigarettepeuken binne it ôffal dat it meast fûn wurdt op populêre strannen. Dit jier fûnen de frijwilligers 86.954 op de Noardseestrannen. Dat binne der hast 30.000 mear as ferline jier”, fertelt strânôffalekspert Marijke Boonstra. “It strân is gjin jiskebak en peuken hearre net yn ’e natuer thús. Ien peuk kin wol tûzen liter wetter fersmoargje, bestiet foar 95 persint út plestik en sit fol fergiftige stoffen. Tige skealik foar it miljeu en gefaarlik foar bisten.”

Dêrom komt Stichting De Noordzee yn aksje tsjin it samar fuortgoaien fan peuken. Frou Boonstra: “Foar in skjinne en sûne Noardsee hawwe wy peukefrije strannen nedich. Dêrom roppe we alle kustgemeenten op om maatregels te nimmen troch bygelyks smookfrije sônes yn te stellen. Dat is al it gefal op it strân fan Renesse en de gemeente Noordwijk hat resintlik ek besletten om dat te dwaan.” De stifting lansearre koartlyn in petysje mei in oprop oan kustgemeenten om foar peukefrije strannen te soargjen.

Foto: Eelkje Colmjon | Stichting De Noordzee

Fjirtich jier âld ôffal
Dit jier holpen yn totaal 1.567 frijwilligers mei dy’t yn fyftjin dagen 4.408 kilo ôffal opromme hawwe. “It is geweldich om te sjen dat safolle frijwilligers har ynsette foar in skjin strân en in sûne Noardsee, sels by tige hege temperatueren”, fertelt Sebastiaan Verkade, projektlieder fan de Beach Cleanup Tour fan Stichting De Noordzee. “En as men nei alle rotsoai sjocht dy’t op it strân fûn is, dan is dat spitigernôch noch hurd nedich.”

Dit jier binne der wer bysûndere fynsten dien. Sa waard op Skiermûntseach in appelsopferpakking út 1983 fûn, al hast fjirtich jier âld. Der binne ek in koroanatest en in hoefizer fûn. Trije en in heal jier nei de kontenerramp mei MSC Zoe, dêr’t 342 konteners by boppe de Waadeilannen oerboard sloegen, waard ek dit jier noch ôffal fûn dat út dy konteners ôfkomstich is. Dat lit neffens de stifting sjen hoe wichtich it is dat der maatregels nommen wurde om kontenerferlies yn ’e takomst foar te kommen.

Foto: Stichting De Noordzee

Omtinken foar de Noardseenatuer
Spitigernôch binne der ek in protte deade fûgels oantroffen as gefolch fan de fûgelgryp. Verkade: “It is in fertrietlik en ferfelend gesicht om alle dagen tsientallen fûgels lizzen te sjen. It bewiist hoe kwetsber Noardseebisten binne en dat it wichtich is dat wy de natuer beskermje.” Stichting De Noordzee joech dit jier ekstra omtinken oan it bioferskaat fan de Noardsee troch ekskurzjes te organisearjen op bysûndere ekologydagen. “Bekend makket bemind”, seit Verkade. “Troch strânbesikers de skjintme fan de Noardseenatuer sjen te litten, krije se der ek mear wurdearring foar.”

Foto: Paula Romein | Stichting De Noordzee

Oer Stichting De Noordzee
Stichting De Noordzee is in ûnôfhinklike natuer- en miljeuorganisaasje en is al goed fjirtich jier dé organisaasje as it giet om beskerming en duorsum gebrûk fan de Noardsee. De stifting rjochtet him op fjouwer doelen: romte foar natuer, skjinne see, duorsum iten en natuerfreonlike enerzjy. Yn oparbeidzjen mei oaren wurket de organisaasje oan in skjinne en sûne Noardsee. De jierlikse lanlike strânhimmelaksje, de Boskalis Beach Cleanup Tour, is mooglik tanksij de stipe fan de haadsponsor en partners.

augustus 16, 2022 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.